Doede Wiersma: Max Havelaar
Resint ferskynd
Oertinking
Earst troch kofje en tee en letter troch de bananen fan ‘Max Havalaar’ hearden wy oer de posysje fan lytse boeren yn Súd-Amearika. Hoe’t se troch grutgrûnbesitters deakonkurrearre waarden. De machtigen pikten de grûn yn en makke de lytse boeren ta slaaf.
Yn ’e Bibel stiet in ferhaal oer de machtige Achab en Izébel dy’t in lyts boerke syn kampke lân ôfpikke wolle. Dy man kin dat net tastean want hy hinget oan it erfskip fan syn foarfaars. It bysûndere dêroan is dat dy kavel lân tadield is troch it lot (Spreuken 16:23, Psalm 16:5). En om’t it lân sadwaande in geskink fan God is, dêrom is de reaksje fan Nabot sa fûl: “De Heare mei my derfoar bewarje, dat ik jo myn foarfaars erfskip jaan soe” (1 Keningen 21:4).
Withoefaak stiet yn it Earste Testamint dat God it partikulier grûnbesit beskermet. Mar ek withoefaak lêze wy dat machtigen mei geweld grûn anneksearje, ikker oan ikker byinoar skuorre, om it lân allinne yn hannen te hawwen (Jesaja 5:8).
Profeten keare har tsjin dy misdieden. Elia giet nei Achab ta en jout de wierheid in skel lûd: “Hasto moarde en ek al yn beslach nommen?” Achab seit dêrop: “Hasto my wer fûn, myn fijân?”
“Ja,” seit Elia, “ik haw jo fûn omdat jo jo ferkocht hawwe om te dwaan wat de Heare ferkeard achtet.”
Wa’t produkten fan Max Havelaar keapet of ‘Solidaridad’ stipet, dy docht yn ús tiid in lyts bytsje wat Elia die. Binne der yn ús tiid noch profeten dy’t ûnrjocht oan ’e kaak stelle?
Lêze: 1 Keningen 21:1-2
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje