Doede Wiersma: Homofily

oktober 8, 2023 07:00 Fernijd

Oertinking

‘Homobesluit verbijstert Friese synode’ wie in kop yn ’e Ljouwerter krante fan 24 novimber 1994. De wyks dêrfoar hie de lanlike synoade besletten dat gemeenten dy’t gewissebeswieren hiene tsjin homoseksualiteit, oan homo’s freegje mochten om it hillich nachtmiel yn in oare gemeente te fieren.
Op myn fraach om as provinsjale synoade tsjin dy ferklearring te stimmen, giene 24 fan ’e 35 leden mei. Us sinjaal wie: “De Fryske synoade betreuret dit beslút en sprekt de hoop út dat gemeenten yn de provinsje it net tapasse.”
Myn fyzje op homofily is:

  1. As de Bibel tsjin homofily wêze soe, dan hat dat gjin gesach mear om’t se doe noch net wisten dat homofily yn ’e genen sit.
  2. It isolearjen en fernederjen fan homofilen is yn striid mei it haadgebod fan de leafde út ’e Bibel om de neiste leaf te hawwen as ússels.
  3. De Bibel hat it net oer homofily as in relaasje fan leafde, mar as it oer perverse dieden giet. Dat is sa yn it ferhaal oer Sodom en Gomorra (Genesis 19:5); yn it skandaal fan Gibeä (Rjochters 19-21), dêr’t Hoseä op weromkomt (9:9; 10:9). Ek yn Levitikus 18:22 en Deuteronomium 23:17 en 18 giet it oer seks sûnder leafde, oer grouwélichheden lykas seks mei dieren (Levitikus 18:23), huorkerij of ferkrêftsjen (2 Samuël 13:12): “Soks docht men ommers net yn Israel!”

By de apostel Paulus (Romeinen 1:27 en 1 Korintiërs 6:10) giet it ek om “op skandlike wize mei-inoar omslaan.” Mar dat is wat oars as twa mannen of twa frouwen dy’t mei-inoar libje yn in teare, lykweardige relaasje fol leafde, trou en respekt oer en wer.

Lêze: Rjochters 19:17-23

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
oktober 8, 2023 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin2.0 oktober 12, 11:30

    Ik bin net leauwich en wol it ek net wurde, mar de islam hâldt de poat wol stiif en harren folgelingen binne tige assertyf. De tsjerke hat gjin rêchbonke mear, it binne allegear knipmessen dy’t bûgje foar elk suchtsje wyn.

    Begryp my net ferkeard. Ik bin foar it homohoulik en alle homorjochten, mar de tsjerke is troch syn draaierij (oanpasserij oan allegear nije ynsichten) gewoan net mear serieus te nimmen.

    As it pears fervjen fan ‘e noas aansen moade en modern wurdt, sil de Bibel sa útlein wurde dat Jezus ek in pearze noas hie. En dat is begrutlik foar it ynstitút dat him hjoed-de-dei noch as ‘tsjerke’ identifisearret.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.