Doede Wiersma: Abi-chajil

oktober 29, 2023 07:00 Fernijd

Oertinking

Johannes Bogaard wie in lytse boer yn ’e Haarlimmermar. Omke Hannes neamden se him. Yn ’e oarloch liet er alve Joaden by him ûnderdûke. By in oerfal waarden se út ’e kelder helle. Hannes woe de Joaden net gean litte. Hy beswarde de plysjemannen mei de Bibel yn ’e hân dat dizze minsken ta Gods útkard folk hearden. De plysje rôp: “Hâld jo stil of jo geane ek mei. “Ik gean mei”, sei Hannes en hy die it.

Hannes sei feitlik itselde as Ester: “Kom ik om, dan kom ik om.” Se hiene de moed fan de messiaanske minske.
Op like wûnderlike wize as Joazef yn Egypte, kaam Ester yn Perzië tichteby de troan. Joazef sei efterôf dat God in bedoeling mei syn libben hie. Mordekai hâldt it Ester foar: “Wa wit, oftsto net foar sa’n tiid as dizze ta de steat fan keninginne rekke bist” (Ester 4:14).
‘Sa’n tiid as dizze’ sloech op de Joadeferfolging. In sekere Haman woe alle Joaden deameitsje.
Leauwe yn God hat te meitsjen mei it opkommen foar bedrige minsken.
Maklik is it net. Ester freget alle Joaden om mei har trije dagen net te iten en te drinken. Fêstje is konsintraasje op it wêzentlike, is solidêr wêze mei minsken dy’t de dea foar eagen ha. Fêstje is krêft sykje by de boarne fan krêft.
Der wurdt altyd sein dat de namme fan God net yn Ester foarkomt. De iene praat dêryn de oare nei. Ester wie lykwols in dochter fan Abichail (2:15). Abi = myn Heit, en chail = krêft; dus Abichail = myn (godlike) Heit is krêft.
Trije dagen fêste Ester. Trije dagen is yn ’e Bibel de tiid dat dea wer libben wurdt, lykas by Jona. Trije dagen is de tiid tusken dea en opstanning fan Jezus. Op ’e tredde dei giet Ester as messiaansk minske nei de kening: Kom ik om, dan kom ik om. Mar de namme fan har heit learde it har: ‘Myn himelske Heit is krêft!’
Elk doopt minske mei him/har spegelje oan Ester, lykas Johannes Bogaard.

Lêze Ester 4:1, 5-8, 14-17

Skilderij op thússide: Arent de Gelder (1645–1727), Ester en Mordekai
Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50.
(boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
oktober 29, 2023 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.