Definitive fergunning drinkwetterwinning Lúkswâld

oktober 1, 2023 08:16

Yn harren gearkomste fan 26 septimber hawwe Deputearre Steaten it beslút nommen om Vitens in fergunning te jaan. By de wetterwinlokaasje yn Lúkswâld kin 6.500.000 kubike meter yn it jier wûn wurde.

Foto: Provinsje Fryslân

Utwreiding fan de winkapasiteit yn Fryslân is nedich om oan de tanimmende fraach nei drinkwetter te foldwaan. De grûnwetterwinning Lúkswâld leit binnen de ‘oanfoljende strategyske foarrieden’ dy’t opnommen binne yn de drinkwetterstrategy ‘Wetter foar letter’, yn 2021 fêststeld troch provinsje Fryslân en Vitens.

Soarchplicht
Provinsjes hawwe soarchplicht foar in duorsume drinkwetterwinning. De provinsje hat ek it foech foar it ferlienen fan fergunningen by it oppompen fan grûnwetter foar drinkwetterproduksje. By it beslút oer sa’n oanfraach, waacht de provinsje it belang fan in duorsume drinkwetterfoarsjenning ôf tsjin it belang fan tredden dy ‘t dêrtroch beneidiele wurde kinne. Op basis fan dy ôfwaging is de fergunning foar it ûntlûken fan grûnwetter foar de drinkwetterproduksje ferliend.

Fan desimber 2022 oant jannewaris 2023 hat de ûntwerpfergunning op besjen lein. Dêr binne 29 sjenswizen op yntsjinne. De sjenswizen binne beäntwurde yn in reaksjenota en ferwurke by it opstellen fan de definitive fergunningsteksten.

oktober 1, 2023 08:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.