De tsjustere wrâld fan ‘The Killer’: In Besprek fan David Fincher’s nijste film
Resint ferskynd
Filmbesprek troch Gabrielle Terpstra
Der giet neat boppe in spannende aksjefilm op it wite doek of, nei in drege dei, in goeie knokpartij. Films dus as Fight Club bygelyks, om dêrnei mei nije enerzjy it libben wer oan te kinnen.
Fan ’e hân fan Fight Clubregisseur David Fincher kaam op 26 oktober in nije film út, ‘The Killer’. De titel en de trailer seagen der hoopjaand út.
‘The Killer’ is in neonoirfilm dy’t om in iensume hiermoardner sûnder namme draait, spile troch Michael Fassbender. Hy begjint mei in wiidweidige sêne dêr’t we yn sjogge hoe’t de moardner geduldich yn in leechsteand Parys’ appartemint op syn doel wachtet. De moardner folget strange regels dy’t er sels betocht hat. Wy komme mei him yn ’e kunde troch in voice-over dy’t syn ynterne monologen hearre lit.
De monologen jouwe ynsjoch yn syn wrâldbyld: doch allinnich dat dêr’tst foar betelle wurdst; toan gjin empaty; antisipearje op wat komme sil; ymprovisearje neat. Geandewei wurdt lykwols dúdlik dat syn tinken en dwaan net altyd mei-inoar oerienkomme. Wy sjogge bygelyks efkes by him thús, dat er troch in mislearre opdracht alles op alles sette moat om syn leafste te beskermjen.

Boarne Wikimedia Commons – publyk domein
David Fincher kreëarret mei syn stilearre bylden en mei de muzyk in kâlde en ôfstanlike sfear. Dat draacht allegearre by oan de sombere toan dy’t de film liket te setten. Hoewol’t it ferhaal him rjochtet op de metoadyske kant fan it bestean fan de hiermoardner, krije we sawat op ’e helte fan ’e film noch in pear goede knokpartijen te sjen, dy’t de wat stadige film mear pit jouwe. De byrol fan Tilda Swinton is ek geweldich.
De film is in oanrieder foar leafhawwers fan Fincher, mar hellet op gjin stikken nei net wat Fincher mei syn eardere wurken as Fight Club en Seven berikte. Ferwachtsje ek gjin enerzjike aksjefilm, sa’t ik wol die. De trailer misliedt in bytsje, mar de film sjocht lekker fuort en bliuwt boeiend, foaral as men fan it noirsjenre hâldt.
Ik jou dizze film 3 stjerren.
Go Gab Go!