Bûter-yn-’e-brijfestival ‘Jonge Pioniers’ op snein 5 novimber

oktober 21, 2023 08:23

It Feitsma Fûns (www.feitsmafuns.frl) organisearret op snein 5 novimber 2023 it tradisjonele Bûter-yn-’e-brijfestival yn ien fan de moaiste histoaryske lokaasjes fan Ljouwert en nûget dêr elkenien fan herten foar út. Sintraal steane diskear jonge minsken dy’t mei it Frysk dwaande binne. It tema is ‘Jonge Pioniers’.

Stedhâlderlik Hof yn Ljouwert (foto: Wikimedia Commons/Jean Housen – CC BY-SA 4.0)

De tagong is fergees, mar it is wol needsaaklik om jin foar 1 novimber 2023 op te jaan troch in mailtsje te stjoeren nei info@feitsmafuns.nl, mei it fersyk om yn de ûnderwerprigel ‘festival’ te setten en yn de mail de namme fan de persoan(en) dêr’t de oanmelding foar is.

Programma
13.30 Iepenjen troch Irénke Meekma, foarsitter Feitsma Fûns.
* Foardracht priiswinner en nominearre kandidaten Lytse Gysbertpriis (oant 12 jier). Sytse de Haas mei it gedicht ‘Ik moat fuort’.
* Siepie Brandsma mei it gedicht ‘Pake en beppe’.
* Ypie de Boer mei it gedicht ‘Us knyn dêr’t ik it goed mei fyn’.
* Muzikaal yntermezzo ûnder lieding fan Gerard Rinsma.
* Lesine Möricke (studint Media en kultuer, Keunstskiednis en Frysk Universiteit fan Amsterdam) fertelt oer har skripsje oer stereotypearring fan de Fryske identiteit.
* Elvis Khakichev (Piter Jelles Gymnasium Ljouwert), Senne Everhard en Sofie Maret Smilde (Piter Jelles !mpulse VWO Ljouwert) drage eigen wurk foar.
* Muzikaal yntermezzo ûnder lieding fan Gerard Rinsma.
* Skoft.
* Poëzyjworkshop foar jong en âld ûnder lieding fan Meindert Reitsma.
* Sierd Prins (studint Frysk Ryksuniversiteit Grins) fertelt oer syn skripsje oer meartaligens yn it kleaster Tabor yn Snits om 1500 hinne.
* Muzikale útsetter ûnder lieding fan Gerard Rinsma.
16.30 Sluten troch Irénke Meekma en neisit mei hapke en drankje.

Snein 5 novimber
Tiid: 13.30-16.30 oere, ynrin 13.00 oere
Plak: ‘Giele Seal’ fan it Steedhâlderlik Hôf
Hôfplein 29, 8911 HJ Ljouwert

oktober 21, 2023 08:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.