Britten lilk oer omseagjen ferneamde ‘Robin Hood-beam’

oktober 2, 2023 08:19

It wie ien fan de ferneamdste beammen fan Grut-Brittannië, de Sycamore Gap Tree, ek wol de Robin Hood-beam neamd. Tongersdeitemoarn ûntdutsen kuierders ta har fernuvering dat de twahûndert jier âlde esk omseage wie. In jonge fan sechstjin en in sechstichjierrige man binne dêrfoar oanholden.

De Robin Hood-beam yn better tiden (foto: Wikipedia/Clementp.fr, eigen wurk – CC BY-SA 4.0)

Minsken yn Ingelân binne poer. De Sycamore Gap Tree yn it Noard-Ingelske Northumberland waard alle jierren troch tûzenen toeristen besjoen en wie yn 2016 noch ta beam fan it jier keazen troch in Britske boskbeskermingsorganisaasje. De iensume esk wie benammen bekend fanwegen syn ikoanyske plak: deun njonken de Romeinske Muorre fan Hadrianus en mids in lytse fallei, wat magyske plaatsjes opsmiet.

Dat wisten ek de makkers fan de film Robin Hood: Prince of Thieves út 1991, dy’t de Sycamore Gap figurearje lieten yn in promininte sêne yn de film, ynklusyf de beam. Sûnt gie de esk ek as Robin Hood-beam troch it libben. Oant tongersdei.

Ut foto’s dy’t makke binne is op te meitsjen dat de beam mei opsetsin mei in motorseage omlein is. De autoriteiten rôpen besikers op om wei te bliuwen, sadat de spoaren net wiske wurde soene. In lokale gesachsdrager spruts fan “in oanfal op ien fan de ferneamdste beammen fan it lân. Elkenien is ferslein.”

Tongersdeitemiddei waard bekend dat de plysje in sechstjinjierrige fertochte foar it fandalisme oanholden hat. Hy is oppakt op fertinking fan it opsetlik feroarsaakjen fan skea oan de beam. Hy wurdt fêstholden en wurket oan it ûndersyk mei, liet in wurdfierder witte. Freedtejûn waard ek in man fan sechstich jier oppakt. Wat it motyf wie om de beam te liif te gean, is net bekend.

“It is in wrâldferneamd plak”, seit de plysjewurdfierder. “Dit fandalisme hat sa’t te begripen is foar in grutte skok en in protte lilkens soarge. De beam wie in ikoan en in boarne fan freugde foar safolle besikers en toeristen. It is in tige drôvige barren.”

oktober 2, 2023 08:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.