British Museum ropt publyk op om mei te sykjen nei 1600 stellen kostberheden

oktober 20, 2023 08:27

It British Museum yn Londen siket help by it weromfinen fan de tûzenen museumstikken dy’t yn ’e ôfrûne jierren út de kolleksje stellen binne.

British Museum yn Londen (foto: Wikipedia/Ham, eigen wurk – CC BY-SA 3.0)

It museum freget minsken op in spesjale webside om oan ’e bel te lûken as se tinke dat se yn it besit fan de stellen kostberheden binne, of as se oare relevante ynformaasje hawwe. Foaral edelstiennen en sieraden lykas ringen en earbellen út de klassike âldheid en earder blike ûntnadere te wêzen.

It museum, dat ien fan de grutste kolleksjes unike histoaryske objekten op ’e wrâld besit, makke in moanne lyn buorkundich dat in meiwurker dien krige hie yn ferbân mei it ferdwinen fan tal fan objekten. Yn de dagen dêrnei stapte direkteur Hartwig Fische op. Neffens rûzing binne ferspraat oer ferskate jierren sa’n twatûzen objekten stellen. Yn ferbân mei de stellerij is noch net ien oppakt.

In goed moanne nei it nijs oer it skandaal meldt it museum no dat der sa’n sechstich museumstikken werom binne. Noch sa’n 300 oare objekten binne trasearre en sille mei koarten yn ’e kolleksje weromkomme. Dat betsjut dat sa’n 1600 kostberheden noch spoarleas binne.

Minne administraasje
Details oer de foarwerpen dy’t weromfûn binne, dielt it museum op advys fan saakkundigen net. Der is ek neat bekend makke oer de identiteit fan de minsken en ynstânsjes dy’t de objekten werombrocht hawwe of weromjaan sille. Op de side mei de oprop oan it publyk om mei te sykjen nei it stellen guod, wurdt net dield hokker keunststikken it British Museum krekt mist. Minsken dy’t mei sykje wolle, moatte it dwaan mei in stikmannich foto’s fan it soarte objekten dat it museum kwyt is. Op dy wize soe it te foaren komme wolle dat keapers fan de ûntnadere stikken it guod gau trochferkeapje op ’e swarte merk of it ferneatigje.

It is mar de fraach oft it British Museum krekt wit wat der yn ’e ôfrûne jierren allegearre stellen is. It liket derop dat it museum min byholden hat hokker yndividuele stikken allegearre diel útmakken fan in kolleksje. De dief wie faaks op ’e hichte fan dy rommelige administraasje, wat him jierrenlang yn steat stelde om de kostberheden te ferpatsen.

oktober 20, 2023 08:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.