Briefkje (89): Taalkwaliteit in relatyf begryp?
Resint ferskynd
Jan Breimer reagearret op Ed Knotter syn lêste brief.
Bêste Ed,
Yn dyn brief fan ferline wike trof my de útspraak dat it ûnderwiis ferantwurdlik is foar it hoedzjen fan de taalkwaliteit. Dêr bin ik it mei iens, mar it is net it ûnderwiis allinne. It begjint thús, en al fertrouwe de âlden it learen fan de bern oan it ûnderwiis, de skoalle en de leararen ta, se bliuwe wol ferantwurdlik mei. As de skoalle deryn tekoartsjit, dan moatte de âlden opspylje. Behalven it ûnderwiis binne der fansels ek oare ynstellingen dy’t it hoedzjen fan de taalkwaliteit op ’e noed hawwe.
Allegearre krije se te meitsjen mei tsjinkrêften. Ien dêrfan is dat kwaliteit yn it algemien in relatyf begryp is: de iene is gauwer tefreden as de oare. In oare tsjinwurkjende faktor, dêr’t benammen it ûnderwiis lêst fan hat, is it ‘by de tiid wêze wollen’. Wa’t it modern en ‘leuk’ bringe wol, komt yn de ferlieding om it mei de kwaliteit net al te krekt te nimmen. Fierder sitte we mei it feit dat de taalbehearsking, net allinne fan it Frysk, by in protte minsken, by leararen ek, net mear is wat it west hat.
De fragen oan ’e ein fan dyn brief is troch meilêzers (noch?) net op reagearre. Ik weagje in skot, mar ik wit net op alle fragen it goede antwurd. Dat lytse kultueren mear mei meartaligens te meitsjen hawwe as grutte, sil wol foar de hân lizze, want de lytse kin net om syn grutte buorlju hinne. Mar no rekkenje ik fan Fryslân út. Miskien leit it net oeral gelyk. Dat foar lytse talen mear flyt dien wurde moat seit himsels. Wat lytser, wat faaier de takomst. Mar ja, in protte minsken binne wol wiis mei it Frysk en fine dat ús taal wol bestean bliuwe moat, mar se wolle har der net foar ynsette. Moatte we yn Fryslân mear omtinken jaan oan it Frysk as oan it Hollânsk? Dêr krije we net genôch hannen foar opinoar. Yn it basisûnderwiis oan beide likefolle tiid besteegje, dat soe wol moatte.
Ik wol dy hjir ek in pear fragen stelle, mar dan oer de taal sels. Ik sjoch wolris dat it Hollânske ‘keuzes maken’ mei ‘karren meitsje’ oerset wurdt. Rekkenesto soks goed? It meartal fan ‘kar’ is wol ‘karren’, mar neffens my brûke we dy foarm net, en trochdat we dat net dogge, klinkt it ûngewoan en nuver. “Het gemeentebestuur zal keuzes moeten maken” wurdt dêrom by my “It gemeentebestjoer sil kieze moatte.” Doe’t wy op skoalle teksten út de moderne talen oersette moasten, moast dat letterlik, stiet my by. De frijheid dy’t ik no nim, hiene wy doe net. Bisto it mei myn ‘kar’ iens?
Ferline wike kaam ik yn in geef-Fryske tekst in gefal tsjin dat wol wat op it niis neamde liket. Der stie in pear kear ‘op dat stuit’ yn, mar doe’t dat yn it meartal moast, gie de skriuwer oer op ‘op dy mominten.’ Op himsels net ferkeard, mar yn it ramt fan de hiele tekst dochs net sa sterk. Der gie sokssawat oan foarôf as “Dan wer hie er lêst fan pineholle, dan die de rêch him sear en sa hie er altyd wol wat.” It woe de skriuwer net oan, tink ik, om dêrop folgje te litten “Op sokke stuiten kaam er net op it wurk”, dat dêrom sil er foar ‘mominten’ keazen hawwe. Dat hie net hoegd. Hy hie ek skriuwe kinnen: “Sokke dagen (of tiden) kaam er net op it wurk” of “Dan kaam er …”. Goed besjoen binne stuit en momint yn de neamde kontekst net iens goed. Dy kwalen duorje trochstrings langer as in eagenblik of in amerij. Alwer, kinst it dêrmei iens wêze? Of bin ik te krekt?
Mei freonlike groetnis,
Jan
Tige mei iens, Jan.
Lytse taalopmerking: ‘vanuit’ is yn it Frysk ‘út … wei’ en net ‘fan … út.
‘Mar no rekkenje ik fan Fryslân út’ soe dan bygelyks wurde kinne: ‘No besjoch ik it út in Frysk stânpunt wei.’ Of faaks ek noch: ‘Mar no besjoch ik it út Fryslân wei.’
Frysker: Vanuit het klooster worden diensten georganiseerd: Ut it kleaster wei wurde tsjinsten organisearre.
Ik lês yn Thet Freeska Landriucht, in tige by tige boek fan û.o. Han Nijdam dat koartlyn yn it ljocht jûn is, dat se yn de Midsiuwen twa wurden brûkten foar ‘keuze’, nammentlik ‘ker’ en ‘kêst’. (Kêst kin oars ek wetsartikel betsjutte.) Ik slach foar, dat wy tenei ‘kêst’ sizze: kieze-keas-keazen-de kêst en de kêsten en ‘ien kar’ mar twa ‘kêsten’. Je moet keuzes maken — men moat kêsten dwaan. Dat beart net sa raar as ‘men moat karren meitsje’.