Briefkje (88): Meartaligens goed foar it yndividu, mar net foar it Frysk
Resint ferskynd
Ed Knotter reagearret op Jan Breimer syn lêste brief.
Bêste Jan,
Wat der ferline wike yn de earste alinea fan dyn brief foar my útsprong, wie it begripepear taalfeardigens en taalkwaliteit. De taalûntwikkeling by jonge bern ferrint yn in merakelsk fluch tempo; sa gau as se taaluteringen begripe en oernimme, dat is in wûnder. Yn it earstoan is de taalkwaliteit noch net yn gefaar – no ja, ik gean der mar fan út dat it bern opgroeit yn in geef talige húshâlding – mar neigeraden de libbenswrâld grutter en dêrmei de (frjemde) ynfloeden sterker wurde, nimt de kâns op oantaasting fan de eigen taal ek ta. De fraach is fansels oft dat slim is, want soe it yn de measte kultueren net krektsa gean?
De jongerein – it is wol tapaslik om dat foarbyldwurd fan dy hjir te brûken – stiet ornaris mear iepen foar feroaring en fernijing, benammen as dy har ôfsette wol tsjin de âlderein. Wy sjogge dat hieltyd wer, in bekend ferskynsel: eltse generaasje bringt feroaring fan moade yn gedrach en dus ek op it mêd fan taal, want taal is ommers gedrach. It is wol grappich om te sjen, nee, om te hearren hoe’t jongelju, meast yn it fuortset ûnderwiis, harren eigen taaltsje ûntwikkelje. Groepstaal, dy’t eins net foar oaren ornearre is (it wurd seit it al) en dy’t ek wol wer ferdwynt; pubers krije ek foar ’t ferstân dat feroaring lang net altyd ferbettering betsjut. Men kin it sjen as in (tydlik) spultsje, mar no wol ik dêr net negatyf nei sjen. Dy jongelju yn harren groepkes eksperimintearje mei taalregels; dat kin net oars. Dat makket soks ta in learsum spultsje, goed foar de taalkompetinsje! We kinne it sels as in beskieden foarm fan meartaligens sjen. No’t ik op dat wurd kom, wurd ik fuort wer kritysker, want meartaligens is lang net altyd geunstich foar in minderheidstaal; dy hat der faak sels ûnder te lijen. Meartaligens is goed foar it yndividu, mar perfoarst net foar in lytse kultuer.
It is fan grut belang om de kultuer oer te dragen op de nije generaasje. Dêrom moatte bern nei skoalle; dêr is gjin diskusje oer. Mar as wy it hawwe oer taalkwaliteit, meie wy ek wolris sjen nei de ûnderwiiskwaliteit. It ûnderwiis is ferantwurdlik foar it hoedzjen fan dy taalkwaliteit. It ‘lieden en snoeien’ moat benammen op skoalle dien wurde. Te oardieljen nei wat wy om ús hinne hearre, kin men net oars sizze as dat der net folle fan telâne komt. Der binne behalve de skoallen mear ferantwurdliken foar de minne resultaten, dêr hat Lútsen Bakker yn syn opmerking ûnder dyn brief folslein gelyk oan. De organisaasjes dêr’t yn dy opmerking nei wiisd wurdt, spylje in wichtige rol yn it hoedzjen en noedzjen fan taal en kultuer. Dat mei om my, en om Lútsen, wol wat krêftiger. Of binne se bang foar de hieltyd djipper wurdende kleau tusken har, de elite fan saakkundigen (de teory), en de trochsneed Fryskprater (de praktyk)? Dy spanning makket it dreech.
Om foar mysels nei te gean oft ik it by de rjochte ein haw, kom ik mei in stikmannich fragen en ik rop de lêzers op om my te helpen by it finen fan de goede antwurden:
Is it sa dat der yn in lytse kultuer mear sprake is fan meartaligens?
En yn in grutte kultuer krekt oarsom minder meartaligens? Ik tink dat Ingelsktaligen net gau motivearre binne om in twadde taal te learen, of is dat in foaroardiel?
Soe de ferhâlding tusken taalmacht en ferlet fan meartaligens net oarsom wêze moatte? Dus wat lytser de taal, wat mear flyt op ûnderhâlden en kultivearjen fan dy taal.
Yn in twatalige krite wurdt ornaris mear dien foar de dominante taal en minder foar de ûnderlizzende taal. Soe dat net krekt oarsom wêze moatte? Foar Fryslân soe dat betsjutte dat op skoalle mear lesjûn wurdt yn it Frysk as yn it Hollânsk. Dat soe dochs logysk wêze? Of is it ferkeard om sa te tinken?
Mei freonlike groetnisse,
Ed
Ed hat de keutel by de skjinne ein!