Briefkje (87): Liede en snoeie

oktober 17, 2023 08:00 Fernijd

Jan Breimer reagearret op Ed Knotter syn brief fan ferline wike.

Bêste Ed,

Boppe dyn brief fan ferline wike stiet ‘Is neiprate goed foar de taal?’ Dat is net koartwei mei ja of nee te beäntwurdzjen. Dat hinget ôf fan wa’t neipraat wurdt en wat der foar- en neisein wurdt.
Us praten, ús taalûntwikkeling begjint mei neipraten. Bern prate harren mem en heit en, as dy der binne, bruorkes en suskes nei. Wurdskat, útspraak, sinbou, yntonaasje, alle primêre talige aspekten meitsje se har troch neipraten eigen. Utlizze hoecht net, it giet fansels. De ynfloed fan de âlden wurdt al frij gau oanfolle troch dy fan oaren lykas lûdjaande media, berne-opfang en skoalle en elkenien dy’t dêr in rol yn spilet. Dy nije ynfloeden binne soms, of faak, sa sterk dat wat de bern thús leard hawwe net mear telt. Se prate oaren nei en dat kin sa fier gean dat se de ‘thústaal’ net mear brûke. De sterkste, meastal populêrste, beynfloeders winne it. Dat kin goed foar de taal en de taalûntwikkeling wêze, mar ek neidielich. Faak sil dat in mingeling fan beide wêze. De taalfeardichheid giet foarút, mar de taalkwaliteit wurdt minder.

No binne we oankommen by it tema dêr’t we it earder al oer hiene: taal libbet. Der komme nije wurden by dy’t, soms sûnder dat dêr ferlet fan is, besteande wurden ferfange. Besteande wurden krije in oare betsjutting. Sinnen wurde oars opboud. Moat dat allegearre, ûnder it mom fan ‘taal libbet’ mar gewurde litten wurde? Planten libje ek, mar as se in oare kant útgroeie as dat wy wolle, dan liede we se de goede kant út en eventueel snoeie we se by. Oars wurdt it in wyldernis. As him dat yn de taal foardocht, dan skynt dat lieden en snoeien ynienen net te meien. Dan moatte de brike praters sa’t it liket gelyk krije en neipraat wurde.

In protte fan dat brike praat ûntstiet troch ûnkunde en troch beynfloeding troch oare talen. It Frysk, dat te min ûnderwiisd wurdt, hat te lijen fan it Hollânsk, dat op syn bar fan it Ingelsk te lijen hat. Der komt my in foarbyld yn it sin. De Fryske wurden jongerein en âlderein lykje in soad op de Hollânske wurden jongeren en ouderen, dy’t lykwols in oare betsjutting hawwe. De sin ‘Er waren veel jongeren op het festival afgekomen’ kin net sa oerset wurde: ‘Der wiene in protte jongerein op ôfkommen’, mar dat komt wol hieltyd faker foar, troch ûnkunde. Allinne wiene hoecht mar troch wie ferfongen te wurden en de sin is goed. Goed soe ek wêze: der wie in protte jongfolk … en der wiene in protte jongelju … As net witten of net oanfield wurdt dat jongerein in sammelwurd is, dan wurde sokke ynhâldsferkowingen makke. Foar âlderein jildt itselde. Net sa lang lyn hat Henk Wolf de redakteuren fan de tiisdeisrubryk ‘nij Frysk wurdboek’ fan de Ljouwerter krante útlein dat dy beide wurden op de úteinen fan de libbenstiid fan minsken wize. Wa’t soks wit, hoecht der gjin flaters mei te meitsjen. We hawwe mear fan dy pearen: efterein en foarein, ûnderein en boppe-ein, hegerein en legerein, noarderein en suderein, en we kenne de útdrukking ‘oan ’e krapperein komme’ (te min krije).

Ik dwaal wat ôf, mar wat ik sizze wol, sil dúdlik wêze: wyldgroei moat omlaat of bysnoeid wurde.

Mei freonlike groetnis,

Jan

oktober 17, 2023 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Lútsen Bakker oktober 17, 11:12

    Der is yndied hieltyd mear wyldgroei, lês ynterferinsje, mar noch de Omrop noch de Afûk noch de Akademy wolle snoeie of liede. En wat foarhinne in hollanisme wie, stiet no yn de Frysker by ‘fariant’ en sil skielk by it skift ‘synonimen’ ynlive wurde, bygelyks it wurd ‘ûngefear’, dat it al ta ‘synonym’ brocht hat. Sok lieden is de ferkearde kant op! Neffens myn fierste beskieden miening.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.