Briefkje (85): Hoedatsa, ynternasjonaal?

oktober 3, 2023 08:00 Fernijd

Jan Breimer reagearret op Ed Knotter syn lêste brief.

Bêste Ed,

Dyn brief fan ferline wike hie ‘Betsjutting sykje en útdrukke’ as opskrift. Dat jout moai wer wêr’t it om giet as we oaren mûnling of skriftlik wat meidiele, útlizze of freegje wolle. Dan sykje we om wurden dy’t it bêste útdrukke wat we kwyt wolle. Foaral as we prate, falt dat net ta, omdat der dan net folle tiid foar sykjen is. Dan kin in sin samar ûnderbrutsen wurde troch “eh” of “ehm”. Dat foel slim op doe’t minister-presidint Rutte – oars altyd gau op it wurd beret – okkerdeis yn de Twadde Keamer yn it ramt fan de Algemiene Skôgingen op de oandroegen foarstellen, krityk en fragen fan de Keamerfraksjes reagearre. Dat wie slim steurend.

Soms it te hearren dat minsken net tefreden binne oer in wurd of in sin dy’t se krekt seine. Dan sizze se itselde nochris, mar krekt mei wat oare wurden, om noch wat better ta de kearn te kommen. Of se twivelje en litte dat trochskimerje troch ûnderbrekkingen as “soe men sizze kinne”, “lit my it sa sizze” of “om samar te sizzen”. Moai is oars, mar doch it mar ris yn ien kear goed; dat is dreech! As it mar gjin oanwenst wurdt.

Al jierren lês ik yn stikken en berjochten oer ‘ynternasjonale studinten’. Sels de ryksoerheid hat it deroer. Sjoch hjir mar. Wat makket in studint ynternasjonaal?, freegje ik my ôf. Komt dy út mear as ien lân tagelyk en hat dy twa of mear paspoarten? Want as we it oer ynternasjonaal hawwe, dan giet it dochs oer saken dêr’t mear as ien lân mei te meitsjen hat? Tink oan ynternasjonale hannel en ynternasjonaal ferkear. Wêrom hawwe se it net oer bûtenlânske studinten? Op it ministearje en yn it heger ûnderwiis wurkje minsken dy’t goed by harren ferstân binne, dat der moat in reden wêze wêrom’t se studinten út it bûtenlân wei ynternasjonaal neame. Dat se mei-inoar in ynternasjonaal selskip foarmje, liket my in al te ûnnoazele ferklearring. Is dêr ea in beslút oer nommen? Of praat de iene de oare nei, oant en mei de minister fan OCW sels?

Soksoarte fragen bleau ik mei sitten, oant ik ferline wike ien oer in sportwedstriid praten hearde dêr’t bûtenlânske dielnimmers oan meidiene. Dy, sels in ôfstudearre hbo’er, sei: “Ik moat fansels ynternasjonale dielnimmers sizze, want bûtenlânske hat in negative byklank.” As dat oangeande dy studinten ek it gefal is, dan binne we wol djip sonken. Trochdat der wolris wanklanken binne oer bûtenlânske arbeiders en flechtlingen, meie we sporters en studinten, dy’t we fansels hoaie en troaie moatte, net bûtenlânsk neame. Dat soe harren op in minne namme lizze kinne. Dan dogge we leaver de taal wat geweld oan en jouwe we it wurd ynternasjonaal in twadde betsjutting.

Is dat goed te praten? Berikke we dêr net krekt mei dat it dreech wurdt om ús dúdlik te uterjen? Miene we de betsjutting fan in wurd te kennen, blykt dat in twadde betsjutting krige te hawwen. Oaren, dy’t it dêr wat minder krekt mei nimme, lizze dêr tsjinyn dat taal no ienkear libbet. Doe’t it sprekwurdlike libjen fan taal ris te praat kaam yn in selskip fan minsken dy’t in soad skriuwe, sei ien fan harren: “It is wol singelier dat dy bejubele feroaringen yn de libbene taal foar it Frysk altyd de ferkearde kant op geane en selden in ferriking meibringe.” Dêr bin ik it mei iens. Ik tink dat it dy ek sa giet.

Mei freonlike groetnis,

Jan

oktober 3, 2023 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.