Briefkje (86): Is neiprate goed foar de taal?

oktober 10, 2023 08:00

Ed Knotter reagearret op Jan Breimer syn lêste brief.

Bêste Jan,

mei niget haw ik dyn brief lêzen; wat in nijsgjirrich tema. De wurking fan taal, it tapassen derfan is in bysûnder ûnderwerp. Ornaris skriuwe wy inoar oer it taalsysteem, de grammatika, ensfh. Mar no gie it om it sa sekuer mooglik oerbringen fan in boadskip; kommunikaasje troch taal en wurdkar.
Betsjutting lizze yn taaluteringen is in kwestje fan ‘ferwizen’: mei wurden ferwize wy nei in beskate ynhâld en dy ynhâld leit min ofte mear fêst. By konkrete dingen is dat ienfâldich te begripen, mar as de ynhâld abstrakter is, wurdt it al wat dreger. Dan wurdt it gauris sykjen om wurden, dêr’t sels in betûft politikus mei besocht wurde kin.

Kommunikaasje binne twa úteinen mei anneks, twa poalen: de stjoerder, sprekker/skriuwer en de ûntfanger, harker/lêzer. As ik wat oan dy skriuw, kies ik wurden dy’t neffens my it bêste myn boadskip (ynhâld) útdrukke. Dat is de iene kant, mar do as lêzer oan de oare kant moatst it boadskip út myn wurden helje. As de ynhâld fan beskate wurden net dúdlik fêstleit of oan it feroarjen is, kinne wy inoar samar ferkeard begripe. Dat is wat teoretysk praat en dêrom dyn moaie foarbyld fan ynternasjonale en/of bûtenlânske studinten der fuort mar by. In ynternasjonale studint bestiet net, alteast foar my is dy oantsjutting ûnsin. De studinten dy’t foar stúdzje nei Nederlân komme, sitte by Nederlânske studinten yn de kolleezjeseal. Dat is dan in ynternasjonaal selskip en dan soenen wy de Nederlânske studinten (yn datselde selskip) ek ynternasjonaal neame moatte. Dat doocht net.

Hoe kin it dan dat in minister him sa útdrukt? wie dyn fraach. Is dat in foarm fan neipraten? Ja, dat tink ik al. Taal is in mienskiplik ‘besit’ en it is yn it belang fan de kommunikaasje dat wy inoars taalgebrûk beynfloedzje. Dêrom is it oernimmen fan wurden en formulearringen (neipraten) hiel normaal en sels needsaaklik. Ien dy’t in nije taal leart, docht net oars as neiprate. Mar as der, bygelyks troch gefoelichheden, maatskiplike ûntjouwingen of nij ynsjoch, in ferskowing komt yn ’e betsjutting fan wurden, dan is it mar de fraach oft elts yn dy feroaring meigean wol. Wa sil dat foarskriuwe?
Ik tink no oan it nuvere idee dat der neffens it taalgebrûk fan hjoed-de-dei allinnich swarte en wite minsken op ’e wrâld binne. It wurd blank mei ynienen net mear heard wurde. Ik fiel my noch altyd blank en net wyt: as ik wyt bin, bin ik siik. Dat swart-wytgedoch wol ik net oan meidwaan, mar as dy moade him yn ús taalgebrûk fêstset, sil ik my oanpasse moatte. Taal meitsje wy mei-inoar.

Yn guon gefallen is sa’n betsjuttingsferoaring op grûn fan gefoelichheden goed te begripen. Sa hearde ik ferline wike dat in út it bûtenlân ôfkomstige sprekker sûnder euvelmoed it wurd ‘kollaboraasje’ brûke woe. Dêr waard it gearwurkjen fan twa organisaasjes mei bedoeld. Yn besibbe Latynske talen betsjut ‘collaborate’ in freonskiplike gearwurking, mar yn ús wurdboek giet it spesifyk om it gearwurkjen mei de fijân. Dan sjogge wy ynienen dat we te dwaan hawwe mei falske freonen, dy’t ta in pynlik misbegryp liede kinne.

Noch efkes werom nei it ferkeard brûken fan it wurd ynternasjonaal.
Myn sweager en myn skoansoan binne beide Dútsers en wenje yn Dútslân. Mei dy twa bûtenlanners foarmje wy in ynternasjonale famylje. De oantsjutting ynternasjonaal is fan tapassing op in groep, net op in yndividu. En o ja, myn pakesizzers binne ek bûtenlannerkes. Soe de sportferslachjouwer út dyn brief dat ûntstride wolle?

Mei freonlike groetnisse,

Ed

oktober 10, 2023 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.