Bouwe de Boer: Opwekke

oktober 14, 2023 08:13

Kollum

Doe’t wy 35 jier lyn ferhuzen, sloegen de stoppen yn de meterkast geregeld troch. Wat die bliken? De waskmasine, de elektryske boiler en de stofsûger koene net tagelyk brûkt wurde. Dy swierrichheid wie fansels gau oplost. As de waskmasine draait gewoan net stofsûgje! Tsjintwurdich docht him dat ferskynsel wer foar, mar dan op gruttere skaal. Dy saneamde ‘netkongestje’ liket de grutste bear op ’e wei yn de enerzjytransysje te wezen. Mar is dat sa wol?

Yn de fyftiger jierren kaam de elektrifikaasje goed op gong; der waard doe jierliks 7 miljard kWh oan stroom brûkt. Yn de tachtiger jierren naam dat ferbrûk al ta oant om de 80 miljard kWh hinne, yn 2000 waard it mear as 100 miljard kWh en yn 2008 wie it 123 miljard kWh! Sûnt dy tiid nimt it amper mear ta en hinget it om de 120 miljard kWh.

It sintraal buro foar de statistyk CBS hâldt de sifers kreas by. Yn in publikaasje fan koartlyn steane de sifers oer it twadde fearnsjier fan sawol 2022 as fan 2023. Yn dy beide tiidrekken sakke it stroomferbrûk fan 26.598 miljard kWh yn 2022 nei 25.675 yn 2023. Nettsjinsteande dat der 500.000 laadpeallen, hieltyd mear waarmtepompen en elektryske itensiedersplaten binne, nimt it ferbrûk dus yn totaal net ta.

Wat wol feroaret, is it fermogen dat nedich is. In grutter fermogen betsjut in protte stroom yn in koarte tiid. As de wettersieder fan 1,5 kilowatt en de itensiedersplaat fan 3 kilowatt tagelyk ynskeakele wurde en dy fan de buorlju ek, dan binne de stroomkabels te tin. In part fan de oplossing sit him dan ek yn it ferstannich skeakeljen. It is dan ek logysk dat we al dy miljarden euro’s leaver dêryn stekke as yn dy tûzenen kilometers ekstra koperen stroomkabels.

Om dat te regeljen is in finansjele prikel in oplossing  dy’t ús útnûget om kreatyf mei it brûken fan stroom om te gean. Noch moaier is it, as dy prikel ek noch mei de beskikbere duorsume stroom rekken hâldt. It opwekjen fan wyn- en sinnestroom nimt ommers alle jierren fluch ta. Sa’t elkenien alle dagen fiele en sjen kin, binne dat gjin konstante boarnen.

It spul om dy filefoarming yn de stroomkabels handich te stjoeren is al begûn. De dynamyske enerzjykontrakten is ien fan de mooglikheden. De priis fan de stroom is dan ôfhinklik fan it oanbod. It komt faak foar dat de stroom fergees is. Dat is as it hurd waait en de sinne tagelyk skynt. Fansels is it dan handich om de auto op te laden en/of de boiler op te waarmjen. It opwekjen fan duorsume stroom is alle dagen te folgjen op www.energieopwek.nl.

boarne: Freonen fan FossylFrij Fryslân

Dit is nûmer 81 yn de rige Fryslân – Skjinnerlân
Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân.

 

oktober 14, 2023 08:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.