Anne Dykstra: Net te djip ynstipje

oktober 4, 2023 08:00

Kollum

Unfoech praat (48)

Stipje is neffens it WFT ‘kort in een vloeistof steken of dompelen’. Earder diene de lju dat wol mei iten, dan diene se elk hapke efkes yn raande bûter of yn fet, ear’t se it yn ’e mûle diene. Njonken stipje hat it Frysk ek ynstipje. Halbertsma jout dêr yn in hânskift in foarbyld fan: ‘Do moatst net te djip ynstipje, gij moet uwen aardappel niet te diep in de boter dopen.’

It byld fan eat dat earne yn giet of dien wurdt is fansels tige gaadlik as metafoar foar de geslachtsdied. Halbertsma soe Halbertsma net wêze as er by ‘do moast net te djip ynstipje’, ek net de seksuele konotaasje optekene hie: ‘als gij de meid beslaapt’, warskôget er, ‘daal dan niet te diep’.

Der is noch in ôflieding mei stipje dy’t op de geslachtsdied en de gefolgen dêrfan tsjut. As in man in frou bestippet, wol dat sizze dat er har swier makket. Iten en fuortplantsjen wurde ek mei-inoar yn ferbân brocht yn de útdrukking dat fanke hat tefolle grôt/groat iten. De ferklearring is dat grôt (gort) útset yn ’e mage en dat je der dus in grou liif fan krije.

oktober 4, 2023 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.