Anne Dykstra: De akker yn ’e bak

oktober 25, 2023 08:04

Kollum

Unfoech praat (51)

De faam hat de akker yn ’e bak, se is yn ferwachting. In akker of in aker is in meast koperen amer om wetter út in pot of in reinwetterbak te heljen. Ak(k)er hat te krijen mei it Latynske aquarium. Op himsels is de faam hat de akker yn ’e bak wol in aardige byldspraak. Sa’n akker leit ommers samar yn ’e bak, dêr hawwe je gjin wurk fan, mar dan, as de folle amer der wer út moat, dan komt it derop oan. Sa is it ek mei de befruchting, it sit der samar yn, it is wol efkes switten, mar it stiet yn gjin ferhâlding ta wat der ferset wurde moat by de befalling. It is net om ’e nocht dat we sizze, it giet der mei de fioele yn, mar it moat der mei de knyptange wer út.

Guon hoege der trouwens hielendal net foar te switten, as je dy mei in broek om it gat slagge, binne se al swier. By oaren is it al genôch om de broek op bêd te smiten. Soks hat wol wat, want dat priisneuken is eins ek mar neat.

Takomme woansdei wer fierder.

oktober 25, 2023 08:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.