Akteur Tom Hanks warskôget foar AI-ferzje fan himsels yn sabeare reklame
Resint ferskynd
De ôfrûne desennia hat Tom Hanks as akteur tsientallen rollen spile. Mar no is der in ferzje fan him opdûkt dêr’t er mei klam neat mei fan dwaan hawwe wol. Op ynternet giet in fideo om dêr’t in keunstmjittiggeyntelliginsjeferzje fan himsels in toskedoktersfersekering promoatet, meldt Hanks.

Tom Hanks yn 2019 (foto: Wikipedia/John Bauld – CC BY-SA 2.0)
Yn in berjocht op Instagram warskôget er foar de fideo. Mei in skermôfbylding fan de AI-ferzje fan himsels op ’e eftergrûn, dy’t wol in stik jonger as de akteur (67) eaget, skriuwt er: “Pas op!! Der is in fideo yn omrin dêr’t in toskedoktersfersekering yn promoate wurdt mei in AI-ferzje fan my. Ik hie der neat mei te krijen. – Tom Hanks.”
De fideo ropt in protte fragen op. Hanks seit bygelyks neat oer wa’t de makkers binne en hokker produkt oft er krekt oanpriizget. De fraach is oft er dat ûnderwilens sels al wit. The New York Times berjochtet boppedat dat fan de fideo gjin spoar op sosjale media te finen is. In wurdfierder fan de akteur wie net berikber foar kommentaar, neffens de krante.
Hanks is net de iennige dy’t lêst liket te hawwen fan net-winske digitale dûbeldgongers. De Amerikaanske presintatrise Gayle King, fan CBS Mornings, hie der koartlyn ek mei te krijen. Ein augustus warskôge se fia sosjale media foar in manipulearre fideo dêr’t se in dieetmetoade yn oan liket te priizgjen. “Hja hawwe myn stim en byld manipulearre om it lykje te litten dat ik it promoatsje, mar ik haw noch nea fan dat produkt heard of it brûkt!”, skriuwt frou King. “Lit jo net misliede troch dy AI-fideo’s.”
De Amerikaanske YouTuber Jimmy Donaldson, better bekend as MrBeast, warskôge op X dat der fan him ek in keunstmjittigeyntelliginsjeferzje op sosjale media omgiet. Yn de fideo stelt syn ky-ferzje him foar as ‘Mr Beast’ en seit er de grutste iPhone-15-fuortjouaksje fan ’e wrâld te organisearjen. Sjoggers wurde oantrune om op in ferwizing te klikken om harren telefoan oan te freegjen. “Binne sosjale media der klear foar om de opkomst fan sabeare filmkes tsjin te gean?”, freget er him op X ôf. “It is echt in probleem.”
Risiko foar ferneamde minsken
Dat sokke fideo’s fan ferneamde minsken yn omloop binne, komt net ûnferwachte. Mei de komst fan generative keunstmjittige yntelliginsje (ky) wurdt it makliker om byld en audio fan ferneamde minsken te generearjen en se fan alles sizze te litten. Dat it hieltyd dreger wurdt om feit fan fiksje te ûnderskieden, wurdt sjoen as ien fan de grutste risiko’s fan de hjoeddeistige ûntjouwingen op it mêd fan ky. Foar ferneamde minsken, fan wa’t in protte byld en audio beskikber is, wurdt it in nammerste grutter risiko. Hoe mear ‘oefendata’ oft ky ta syn foldwaan hat, hoe betrouberder it resultaat wurde kin.
Staking Hollywood
It ynsetten fan ky wie foar skriptskriuwers en akteurs yn Hollywood ien fan de redenen om sûnt ôfrûne simmer it wurk del te lizzen. Twa wike lyn kaam, nei moannen ûnderhanneljen, in akkoart. Dêr binne ek ôfspraken oer it brûken fan ky by makke.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje