Advertinsjeynkomsten X rinne tebek nei oernimming troch Musk

oktober 18, 2023 08:17

Sûnt Elon Musk Twitter oernaam en dat sosjale medium ta X omdoopte, hat dat op syn minst 55 persint minder advertinsjeynkomsten. Dat skriuwt parseburo Reuters.

Elon Musk (foto: Wikipedia/Norad and USNorthCom Public Affairs – publyk domein)

It bedriuw hat it troch de ritige bedriuwsfiering ûnder lieding fan Musk dreech mei it fêsthâlden fan advertearders. It bedriuw ûndergie yn july fan dit jier bygelyks in hommelse nammewiziging en yn novimber ferline jier krigen hast 3700 meiwurkers dien. Neffens in ynwijde sil algemien direkteur Linda Yaccarino fan X om ’e tafel mei de banken dy’t Musk holpen hawwe mei de finansiering foar de oankeap fan X om de bedriuwsplannen troch te nimmen.

Skuld oan aktivisten
Musk hat earder tajûn dat it platfoarm te krijen hat mei tebekrinnende ynkomsten troch advertinsjes. Hy jout aktivisten de skuld om’t dy de druk by bedriuwen opfiere soene om op te hâlden mei advertearjen op X. Ferline wike sei frou Yaccarino dat sa’n 1500 merken as advertearders op it platfoarm weromkommen binne. Dat soe om njoggentich fan de hûndert wichtichste advertearders gean. Frou Yaccarino tinkt dat X yn it earste fearnsjier fan 2024 winst meitsje sil.

De advertinsjeferkeap yn de Feriene Steaten is krúsjaal foar in platfoarm as X. De advertinsjes dêr binne ferantwurdlik foar njoggentich persint fan de ynkomsten fan it bedriuw.

oktober 18, 2023 08:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.