Ynternetferzje fan ‘The Rolling Stones – Unzipped’ makket útstalling foar mear minsken berikber
Resint ferskynd
Yn it firtuele Grinzer Museum kin men sûnder in stap te fersetten, dochs fan The Rolling Stones – Unzipped genietsje. De útstalling is sûnt tiisdei 5 septimber yn in 360 grade-omjouwing te besjen fia de webside fan it museum.

The Rolling Stones (foto: ©The Rolling Stones Archive)
Mei de digitale toer rint de besiker om samar te sizzen troch de útstalling hinne. Leafhawwers kinne sa op in unike wize Unzipped ûntdekke en op alle mominten fan de dei in besite oan it museum bringe. De ústalling wurdt dêrtroch berikber foar minsken dy’t net by steat binne om nei it museum te reizgjen.
Yn 2020 bea it Grinzer Museum de ynternetútstalling al oan yn ferbân mei de koroanagoarre. De útstalling wie dat jier mar in moanne fysyk te besjen. Troch de firtuele toer wie Unzipped doe út de húskeamer wei te besjen. Spesjaal foar fans is de útstalling no opnij op ynternet taheakke, yn deselde gearstalling as doe.
Ekstra foto- en fideomateriaal
De toer giet fan begjin oant ein troch de útstalling. In ynstruksje is te finen by de firtuele yngong fan it museum. Troch te klikken op ferskillende piktogrammen, kin de besiker ferdjipjende ynformaasje en fideo’s besjen. Der binne fragminten tafoege dy’t net yn de fysike ferzje foarkomme, lykas bylden fan tichteby fan it drumstel fan Charlie Watts en in spektakulêre film fan de opbou fan it appartemint fan de Stones yn de sechstiger jierren. Algemien direkteur Andreas Blühm fertelt oer syn persoanlike favoriten: it deiboek fan Keith Richards en it ferneamde album Sticky Fingers.

It deiboek fan Keith Richards (foto: © Keith Richards Archive)
Kaarten
Yn de firtuele belibbing kinne besikers op harren gemak alle sealen trochrinne fia in kompjûter, tablet of telefoan. Yn trochsneed duorret de online besite in oere. Nei oankeap fan in kaartsje moat ynlogd wurde en is it mooglik om in wike lang de útstalling te besjen. Kaarten foar de ynternetferzje kostje € 5 en binne fia dizze link te keap. De ynternetútstalling is ûntwikkele yn gearwurking mei Carola de Poel fan Panorama Fotografie.
The Rolling Stones – Unzipped is o/m 21 jannewaris 2024 ek noch fysyk te besjen yn it Grinzer Museum. Kaarten foar de útstalling binne te keap fia rollingstonesgroningen.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje