Wizigingsakte Ried Fryske Beweging ûndertekene
Resint ferskynd

Foarsitter Reinder Reitsma en skriuwer Nynke Beetstra mei kandidaat-notaris mr. Margriet Brouwer
Hjoed is op it kantoar fan Sekuer Notarissen yn Surhústerfean de wizigingsakte fan de Ried fan de Fryske Beweging ûndertekene dêr’t op 7 juny 2023 troch de Grutte Ried ta besletten is. Oan dy wiziging fan it karbrief gie in lang en soarchfâldich proses fan oerlis mei stipers en oansletten selskippen oer de takomst fan de Ried foarôf. Doel fan de wiziging is om as stichtingsbestjoer slachfeardiger wurkje te kinnen en dêrmei ek formeel oan te sluten by de praktyk sa’t de Ried al jierren funksjonearret.
De oerkoepeljende, foechhawwende Ried wurdt omfoarme ta in Advysried dêr’t it bestjoer geregeld oerlis mei hawwe sil om ideeën út te wikseljen en inoar te stypjen. Alles mei as doel om de lykberjochtiging, lykweardigesn en sichtberens fan de Fryske taal en kultuer te befoarderjen. It bestjoer sil de Advysried op 9 novimber foar it earst byinoar roppe en hopet dan safolle mooglik Frysksinnige ynstânsjes om ’e tafel te krijen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje