Wittenskippers kreëarje keunstmjittich embryo, sûnder sperma, aaisellen en limoer

septimber 10, 2023 08:16

Wittenskippers binne deryn slagge om in keunstmjittich embryo fan in minske te kreëarjen. In alderearste foarm fan libben, sûnder gebrûk te meitsjen fan sied, aaisellen of in limoer. De ûndersikers hoopje mei harren ‘model-embryo’ mear te witten te kommen oer de alderearste, krúsjale faze yn de ûntwikkeling fan in minskelibben. It ûndersyk is publisearre yn it wittenskiplik tydskrift Nature.

Keunstmjittich embryo (byld: Weizmann Institute of Science)

De wittenskippers ferbûn oan it Weizmann Institute of Science yn Israel brûkten stamsellen om wat te meitsjen dat sterk op in minsklik embryo liket. It slagge harren om it yn it lab útgroeie te litten ta in samling sellen dy’t deselde eigenskippen sjen lit as in embryo fan fjirtjin dagen âld. Sels de sellen dy’t it hormoan oanmeitsje dat by swangerskipstesten brûkt wurdt, wiene oanwêzich. Doe’t de wittenskippers in kommersjele swangerskipstest brûkten, joech dy in posityf resultaat.

De ûntwikkeling is mooglik troch in nije technyk fan ien fan de ûndersikers fan it projekt. Dêrmei kinne de stamsellen sa opnij programmearre wurde dat se yn elk type sel feroarje kinne. Mei gemikaliën soargen de wittenskippers derfoar dat dy stamsellen omset wurde nei de fjouwer typen sellen dy’t by in embryo te finen binne. Under optimalisearre, spesifyk ûntwikkele omstannichheden waarden dy sellen mei-inoar mongen en wachten de ûndersikers ôf wat barre soe. “In embryo is by definysje selsstjoerend: wy hoege it net te fertellen wat it dwaan moat”, fertelt Jacob Hanna, ien fan de wittenskippers. Dat slagge dus úteinlik ta in model dat gelyk is oan dat fan in embryo fan fjirtjin dagen. Dat is it momint dat de ûntwikkeling fan organen op gong komt.

Kennis oer de start fan it libben
Dêrmei biedt it model in etysk ferantwurde wize om mear te witten te kommen oer de alderearste fazen fan in minskelibben. Dat is oant no ta nammentlik noch aardich in mystearje: der is noch net folle kennis oer, seit de ploech fan wittenskippers efter it model. Dat komt trochdat ûndersyk mei echte embryo’s juridysk, etysk en technysk sjoen lestich en beladen is. In keunstmjittich ûntwikkele embryo as dit makket it meisjen by de alderearste ûntwikkelingsfaze makliker.

De hoop is dat mei it model ferklearre wurde kin hoe’t ferskillende sellen ûntsteane, hoe’t organen opboud wurde, en foaral ek om te sjen hoe’t en wêrom’t it yn dy krúsjale earste faze soms misgiet. Bygelyks troch erflike of genetyske sykten. Medisinen soene test wurde kinne sûnder in swangerskip yn gefaar te bringen.

It keunstmjittich ûntwikkele embryo hat no al nije ynsichten opsmiten om misberten foar te kommen. De ûndersikers ûntdutsen dat oare parten fan it embryo har net foarmje kinne as it net omjûn wurdt troch plasintafoarmjende sellen.

septimber 10, 2023 08:16
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. jaspersanderfrl septimber 13, 15:30

    Wol in dilemma dit. Fansels is it hiel moai as der op dizze wize minder misberten plak fine. Mar oan de oare side wurd ik ek wol tige benaud fan it ydee dat wy samar minsken ‘produsearre’ kinne…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.