‘Wikipedia’s Missing Women’: podcast oer genderkleau yn ynternet-ensyklopedy

septimber 6, 2023 08:19 Fernijd

Hoewol’t de online ensyklopedy Wikipedia/Wikpedy ien fan de populêrste ynformaasjeboarnen fan de wrâld is, is der in slim tekoart oan fertsjintwurdiging fan froulju en harren opmerklike prestaasjes. Yn in ta neitinken stimmende ôflevering fan de podcast Europeans ûndersochten de presintatoaren it rûnombywêzige probleem fan de genderkleau op Wikipedia.

Boarne: Mercator/Fryske Akademy

Yn de podcast beljochtet spesjale gast Rebecca O’Neill de ûnderfertsjintwurdiging fan froulju op Wikipedia en de ynspanningen dy’t dien wurde om dat probleem oan te pakken. O’Neill is projektkoördinator foar de Wikipedia Community Ireland en is behelle by it Frysk/Iersk/Baskysk Erasmus+ WikiWomen-projekt, dêr’t Mercator/Fryske Akademy ek in partner yn is.

Behâld fan minderheidstalen
De diskusje yn de podcast giet ek oer in krúsjaal aspekt fan de ynfloed fan Wikipedia – it behâld fan minderheidstalen. Troch in platfoarm te bieden foar it dokumintearjen en dielen fan ynformaasje yn dy talen, helpt Wikipedia harren fitaliteit en kultureel erfgoed te beskermjen.

Harkje hjir nei de podcast: Wikipedia’s Missing Women — The Europeans (europeanspodcast.com).

Oer Wikiwomen
It troch Erasmus+ finansiere projekt WikiWomen bringt skoallen, Wikipedia-stiftingen en taalorganisaasjes yn minderheidstaalregio’s fan Europa byinoar om Wikipedia te brûken as in helpmiddel om digitale taalbelutsenens en taalfeardigens te ûnderwizen. Der binne te min Wikipedia-artikels oer froulju, en te min yn minderheidstalen.

Learlingen wurde begelaat troch it proses fan it ûndersykjen fan froulju dy’t noch net op Wikipedia stean en it skriuwen fan artikels oer harren yn harren nasjonale en minderheidstalen om dit lykwicht te yn oarder te bringen. Yn it proses sille se essinsjele digitale en ûndersyksfeardigens krije, mear fertrouwen yn it brûken fan harren minderheidstaal, en bydrage oan de online oanwêzigens fan harren taal.

Partners yn it Wikiwomenprojekt binne Mercator European Research Centre/Fryske Akademy, AFUK), Learning Hub Fryslân, Wikimedia Ierlân, Coláiste Oiriall, Euskal Wikilarien Kultura en Antigua-Luberri institute/Gobierno Vasco.

septimber 6, 2023 08:19 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.