Wetterbedriuwen: Maas wurdt smoarger troch lossingen en klimaatferoaring
Resint ferskynd
- Gemeente Alkmaar betellet goed twa ton oan sabeare direkteur 0
- Foarsitter Frysk Boun om Utens: In unyk momint yn de skiednis 0
- Dinosaurus Barry wurdt feild: ‘Tige goed bewarre bleaun’ 0
- Eise Eisinga Planetarium kriget Wrâlderfgoedstatus 1
- Nijewier kriget as lêste doarp yn Noardeast-Fryslân it Fryske plaknammeboerd 0
De wetterkwaliteit fan de Maas is ferline jier gâns ôfnommen. Der binne mear skealike stoffen yn de Maas lost en de rivier komt hieltyd drûger te stean troch klimaatferoaring. Dêr warskôget it gearwurkingsferbân fan Nederlânske en Belgyske drinkwetterbedriuwen RIWA-Maas foar.

De Maas by Maastricht (foto: Wikipedia/Jan Lapère – CC BY-SA 3.0)
Neffens de organisaasje is it belangryk dat de rivier, dêr’t sân miljoen minsken foar harren drinkwetter ôfhinklik fan binne, better beskerme wurdt. Ien fan de wichtichste punten fan de organisaasje is dat better yn ’e gaten holden wurdt wêr’t skealike stoffen yn ’e rivier wei komme. “Wy moatte ús oerflaktewetter net langer as in soarte rioelputsje sjen”, seit direkteur Maarten van der Ploeg fan RIWA-Maas yn it jierferslach oer 2022. Under mear wurdt yngien op de ûnfolsleine fergunningen fan bedriuwen dy’t stoffen yn ’e rivier losse. Lang net alle skealike stoffen dy’t yn de Maas metten wurde, binne yn de fergunningen fan bedriuwen werom te finen. De drinkwetterbedriuwen soene dêr graach in totaaloersjoch fan krije.
De drinkwetterbedriuwen filterje it Maaswetter, sadat it úteinlik skjin levere wurde kin. Under mear yn De Haach, Rotterdam en Limburch komt skjin Maaswetter út de kraan, mar it wurdt hieltyd lestiger om wetter fan hege kwaliteit te leverjen, seit Van der Ploeg.
Net allinnich wettertekoart
Klimaatferoaring hat neffens RIWA-Maas in grut effekt op de rivier. 2022 wie foar it Nederlânske part fan de Maas it drûchste jier fan de iuw. Minder wetter betsjut net allinnich dat wettertekoarten ûntstean kinne. It betsjut ek dat skealike stoffen minder fertinne wurde. Ferline jier waarden 79 stoffen yn konsintraasjes metten dy’t boppe de Europeeske doelwearden lizze. Fanwegen ferûntreinigingen moasten de Nederlânske en Belgyske drinkwetterbedriuwen yn totaal 62 kear beslute om gjin of minder wetter út de Maas te brûken. Nei alle gedachten sil dat yn ’e takomst hieltyd faker foarkomme.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje