Waarpraatsje: Woansdei sa goed as drûch

septimber 19, 2023 19:16

Ljouwert. Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Wy hawwe in pear rûzige dagen hân en it bliuwt ek noch in skoft oan ‘e rûge kant.

Tiisdeitenacht kin it, sa út en troch, (sto)reine. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich oant hurd. Mei 15 graden is it in mylde nacht.

Woansdei skynt de sinne, mar de loft is ek foar in part berûn. In strieljende dei wurdt it perfoarst net, mar it bliuwt wol, sa goed as, drûch. De wyn komt út it suden oant súdwesten en is matich oant frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich, miskien wol hurd. De temperatuer leit om de 20 graden hinne.

Tongersdei liket in wiete dei te wurden.

Jan Brinksma

septimber 19, 2023 19:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.