Waarpraatsje: Tongersdei sinnich

septimber 13, 2023 19:23

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Tiisdeitenacht en woansdei yn ‘e iere moarn foel der flink wat wetter. Tongersdei wurdt in hiel kreaze dei.

Woansdeitenacht klearret it op en op guon plakken soe wat damp ûntstean kinne. By hast gjin wyn leit de temperatuer tusken 7 en 11 graden.

Tongersdei skynt de sinne in grut part fan ‘e dei. Der stiet hast gjin wyn, mar by de kust lâns is de sudewyn matich. It wurdt 20 graden.

Fan freed ôf krije wy wer in pear waarme neisimmerdagen.

Jan Brinksma

septimber 13, 2023 19:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.