Waarpraatsje: Tige stabyl
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie woansdei yn hiel Fryslân om de 30 graden hinne. Dat bart yn ‘e hjerstmoanne net faak. It bliuwt noch wol fiif dagen hiel waarm neisimmerwaar.
Woansdeitenacht is it helder en by in swakke eastewyn wurdt it mei 16 graden in mylde nacht.
Tongersdei is it de hiele dei sinnich. De wyn komt út it easten en is swak oant matich. Mei 28 graden is it hast tsien graden waarmer as gewoanwei yn dizze tiid fan it jier.
Freed feroaret der neat oan it tige stabile waar.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje