Waarpraatsje: Ritich
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It stabile neisimmerwaar is efkes dien. De lêste dagen foel der mear wetter as ferwachte waard en it minder kreaze waar kaam ek earder. It is dizze wike hiel gewoan waar foar septimber
Moandeitenacht kin der noch in bui falle, miskien wol mei tonger. De weste- oant súdwestewyn is matich, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich. It wurdt 13 graden.
Tiisdei skynt de sinne sa út en troch, mar der kin ek in bui falle. Yn ‘e neimiddei wurdt de bewolking tsjokker, mar it bliuwt, op de measte plakken, noch wol drûch. De súdwestewyn is matich oant frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich oant hurd, yn ‘e middei miskien wol stoarmich. By de noardlike kust lâns is der kâns op flinke wynpûsten. It sil krapoan 20 graden wurde.
Woansdei bliuwt it, nei alle gedachten, drûch.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje