Waarpraatsje: Neisimmerwaar
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei in frisse nacht wie it tongersdei in hiel kreaze en noflike dei. Wy krije no wer in pear waarme dagen.
Tongersdeitenacht klearret it, nei alle gedachten, op. By de kust lâns is de súdeastewyn matich, mar boppe it fêstelân fan Fryslân stiet hast gjin wyn. De temperatuer leit tusken 7 en 11 graden.
Freed skynt de sinne hast de hiele dei. Earst stiet der net in soad wyn, mar letter is de súdeastewyn swak oant matich. By de kust lâns is de súdeastewyn de hiele dei matich. It wurdt goed 20 graden.
Yn it wykein kin de temperatuer wer boppe de 20 graden komme.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje