Waarpraatsje: Neisimmersk wykein
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei in pear kreaze en hiel noflike dagen sjocht it waar der foar sneon en snein ek goed út. It wurdt noch wat waarmer.
Sneon skynt de sinne wer hast de hiele dei. Yn ‘e moarntiid stiet der net in soad wyn, mar by de kust lâns waait dan in matige súdeastewyn. Yn ‘e middei stiet der oeral in swakke oant matige noarde- oant noardeastewyn. It wurdt 22 graden.
Snein is de loft wat mear berûn, mar it bliuwt noch wol, sa goed as, drûch. By in swakke oant matige eastewyn sil it 22 graden wurde.
Fan moandei ôf wurdt it ritiger. Der falle rûnom in pear (tonger)buien, mar de temperatuer leit noch wol boppe de 20 graden. De wyn komt moandei út it súdwesten en is matich.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje