Waarpraatsje: Oar waar
Resint ferskynd

It Hearrenfean, Hearewâl. Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei in hiel lange rite mei tige waarm waar en in sneintenacht mei yn Ljouwert in leechste temperatuer fan 21,1 en op Skylge 21,7 graden, sil it waar no feroarje. It wurdt in stik minder waarm.
Moandeitenacht kin der in bui falle en op guon plakken soe damp ûntstean kinne. By hast gjin wyn wurdt it 17 graden.
Tiisdei kin it op guon plakken earst noch dampich wêze, mar letter skynt de sinne sa út en troch mei yn ‘e middei in pear buien. Der stiet net in soad wyn en it wurdt goed 20 graden.
Woansdei bliuwt it, sa goed as, drûch mei in graad as 20.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje