Waarpraatsje: In hiel stik nofliker

septimber 12, 2023 19:29

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie de lêste oardel wike fansels hiel kreas en waarm neisimmerwaar, mar it is op it stuit foar in soad minsken dochs in stik nofliker. Dat gewoane waar bliuwt foarearst.

Tiisdeitenacht kin der in (tonger)bui falle. De noardewyn is matich, by de kust lâns krêftich en yn it Waadgebiet miskien wol hurd. It wurdt 16 graden.

Woansdei is de loft earst foar it grutste part berûn, mar yn ‘e neimiddei is de sinne der ek by. De wyn komt út it noarden en is matich, mar by de kust lâns earst noch frij krêftich. De temperatuer bliuwt, nei alle gedachten, krekt ûnder de 20 graden.

Tongersdei en freed feroaret der net in soad..

Jan Brinksma

septimber 12, 2023 19:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.