Waarpraatsje: hiel waarm wykein
Resint ferskynd

Langwarder Mûne.
Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei in hiel waarme wike, sil it ek yn it wykein tige waarm bliuwe. Oerdei wurdt it hast tropysk en de nachten binne ek myld.
Sneon skynt de sinne wer hast de hiele dei, mar by de noardlike kust lâns is der kâns op damp of in berûne loft. By hast gjin wyn is it by de kust lâns 25 graden en mear de provinsje yn tsjin de 30 graden.
Snein kin it earst in skoft dampich wêze, mar letter skynt de sinne wer. Sa strieljend as de lêste dagen sil it snein grif net wurde. De wyn komt út it suden en is swak. Yn ‘e moarntiid leit de temperatuer tusken 20 en 23 graden. Yn ‘e middei sil it 25 oant 28 graden wurde.
Moandei is it noch wol waarm, mar de loft rekket hieltyd mear berûn. It bliuwt, nei alle gedachten, noch wol drûch. By in swakke súdwestewyn wurdt it noch in graad of 25.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje