Utstallingen sûnder grinzen iepene

septimber 20, 2023 08:17 Fernijd

Under grutte belangstelling hat de Ljouwerter wethâlder Hein Kuiken sneon 16 septimber twa útstallingen yn syn stêd iepene: Sex Shooter en Gender Matters. Foar wa’t der fergees hinne wol: de eksposysjes binne noch trije moanne te sjen yn it Stasjonskertier, it eardere postbedriuw deunby it treinstasjon.

‘Sex Shooter’ fan Hester Scheurwater (foto: ©Arjen Jan Stada)

Sex Shooter: The Liberation of Sexual Identity is in multymediale ynstallaasje dy’t nei in iepen oprop fan keunstner Hester Scheurwater – dy’t in protte reaksjes oplevere, dêr’t se in seleksje fan tsien út makke – ta libben kommen. “Ik haw yn alle frijheid wurk meitsje kinnen! 18 plus. En ik bin tige wiis mei alle modellen en it betrouwen om se op dizze wize fêst te lizzen.”

De útstalling rint parallel oan Gender Matters: Stories from Istanbul. Dêr binne koarte fideo’s te sjen dêr’t Turkske âlden iepen en earlik fertelle oer hoe’t it is om transgender en homoseksuele bern te hawwen.

Claudia Woolgar oan it wurd (foto: ©Arjen Jan Stada)

De beide útstallingen meitsje diel út fan it Europeesk projekt oangeande Ulysses fan de Ierske skriuwer James Joyce. De achttjin haadstikken út it boek wurde yn in tiidsbestek fan trije jier troch achttjin Europeeske stêden útbylde. Yn alle stêden wurdt ien haadstik en de sosjale en kulturele tema’s dy’t yn it haadstik oan bod komme behannele. Nederlân wurdt fertsjintwurdige troch Ljouwert. De partners binne Noorderlicht en Brave New World Producties.

Keunstner Hester Scheurwater (foto: ©Arjen Jan Stada)

Noorderlicht-direkteur Kees van der Meiden wie by de iepening oanwêzich: “Dit set it tinken fan minsken oer harren eigen identiteit yn beweging.” Claudia Woolgar (Brave New World Producties) hopet op in protte besikers de kommende moannen: “It wie in prachtige iepening! It komt net sa faak foar dat in iepening ek emosjoneel is. Minsken wurde prikele, binne fernuvere, fleurich en ûnder de yndruk. Ik bin benijd nei de miening fan it grutte publyk.”

Mear ynformaasje is te finen op noorderlicht.com en ulysseseurope.eu.

‘Sex Shooter’ fan Hester Scheurwater (foto: ©Arjen Jan Stada)

septimber 20, 2023 08:17 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.