Undersyk: sa wurde loyale wurknimmers yn de cao beleanne

septimber 7, 2023 08:17

Foar wurknimmers dy’t meikoarten 12,5, 25 of miskien sels fjirtich jier yn tsjinst binne, is de kâns grut dat de wurkjouwer harren dêrfoar beleanje wol. Op hokker ekstraatsje se rekkenje kinne, hinget fan harren cao ôf en dy kinne tige útinoar rinne. Soms giet it om oanfoljende ferlofdagen of in boanus, wylst yn de cao’s yn oare sektoaren hielendal gjin presintsje opnommen is. Dat en mear docht bliken út ûndersyk fan Nationale Vacaturebank.

Foto: pixabay.com

Om it beleanjen op in earlike wize ferrinne te litten, wurde dêr yn in cao dúdlike ôfspraken oer makke. Dêrtroch kriget de iene wurknimmer yn in beskate sektor net mear as de oare. It ûndersyk is basearre op de fyftich grutste jildende sektor-cao’s yn augustus 2023.

Ekstra ferlofdagen by wurkjubileum
Yn goed de helte fan de sektor-cao’s krije wurknimmers ekstra frije dagen by in tsjinstjubileum. Wa’t ûnder de cao ‘omroppersoniel NPO’ falt, kriget by sa’n mylpeal twa dagen tawiisd. Wurknimmers dy’t ûnder de cao fan de bou falle, krije dan sels trije ekstra ferlofdagen.

Boanus foar loyale wurknimmers
In protte wurknimmers kinne by in jubileum op in finansjeel ekstraatsje rekkenje. It 25-jierrich en fjirtichjierrich jubileum wurdt it faakst fierd. Wurknimmers yn 58% fan de ûndersochte sektor-cao’s krije dan ekstra jild boppe-op it moannesalaris. Hoefolle oft dat is hinget fan it soarte jubileum en de cao fan de sektor ôf. Wa’t 25 jier yn tsjinst, is kriget yn trochsneed 69% it fan it bruto moannesalaris ekstra. By in fjirtichjierrich jubileum giet it om yn trochsneed 120%.

16% fan cao’s gjin inkelde loyaliteitsbeleanning
De grutste ûngeloksfûgels binne de meiwurkers dy’t ûnder de sektor-cao’s ‘supermerk en libbensmiddels’, ‘toaniel en dûns’, ‘hannelsfeart’, ‘metaalelektro (basis)’, ‘hoareka’, ‘banken’ of ‘fersekeringsbedriuw’ falle. Yn harren arbeidsoerienkomst steane gjin ôfspraken oer in ekstraatsje by in jubileum: gjin ferlofdagen en gjin boanus. Wurkjouwers yn dy brâns meitsje sels út oft wol of net in ekstraatsje jûn wurdt.

Oer it ûndersyk
Yn it ûndersyk bringt Nationale Vacaturebank yn kaart hoe’t it ferlof yn Nederlân regele is. Om dêr in goed byld fan te krijen, binne de fyftich grutste (eardere) oerheids- en sektor-cao’s ûndersocht dy’t op it stuit jildich en iepenbier beskikber binne. Eventuele feroaringen fan nei de datum fan it ûndersyk (10 augustus 2023) wurde net yn it ûndersyksoersjoch aktualisearre. It giet dus om in momintopname.

Mear ynformaasje is op de ûndersyksside te finen.

septimber 7, 2023 08:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.