TV-tsjerketsjinsten yn septimber yn Grou

septimber 2, 2023 08:22 Fernijd

Yn septimber begjint Omrop Fryslân wer mei rjochtstreekse útstjoeringen fan tsjerketsjinsten op sneintemoarn om 10.00 oere (werhelling om 12.00 oere).

Sint Pitertsjerke yn Grou (foto: Wikipedia/Gouwenaar – publyk domein)

Dy moanne sille de tsjinsten fan Tsjerke fan de Moanne útstjoerd wurde út de Sint-Pitertsjerke yn Grou wei. Trije kear sil de eigen dominy fan de gemeente Grou-Jirnsum, Marije Hage, de tsjinst liede; op 10 septimber is ds. Wim Andel fan Aldegea (SWF) gastfoargonger. Fêste kantor-oargelist is Carl Visser; hy bespilet it Van Dam-oargel (1853).

De tsjerketsjinsten op Omrop Fryslân wurde, yn oparbeidzjen mei de pleatslike gemeenten, organisearre troch de Wurkgroep Tsjerketsjinsten Fryslân, dy’t troch de Ried fan tsjerken Fryslân yn it libben roppen is. Sûnt de útbraak fan de koroanapandemy yn maart 2020 binne al mear as 150 tsjinsten útstjoerd. Foar in protte minsken dy’t oan hûs bûn binne, is de telefyzjetsjinst op sneintemoarn fêste prik; oaren geane earst nei de eigen tsjerke of sjogge nei de livestream en sjogge dêrnei nei de werhelling om 12.00 oere op Omrop Fryslân. Op dy wize foarsjogge de telefyzjetsjinsten alle wiken yn in grut ferlet fan minsken yn Fryslân en fan party Friezen om utens.

septimber 2, 2023 08:22 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.