Tresoar en Frysk Museum sykje tekeningen Wybrand de Geest

septimber 12, 2023 08:18

Yn 2025 organisearret it Frysk Museum in útstalling oer Wybrand de Geest en syn beide soannen Julius en François. Syn album amicorum (freoneboek), dat yn besit fan Tresoar is, mei dêr net by ûntbrekke – mar it is net folslein. Der binne 22 tekeningen út it album skuord of snien. Foar de nije útstalling sykje Tresoar en it Frysk Museum nei de sprekwurdlike spjelde yn in heaberch: slagget it om op syn minst ien fan de ûntbrekkende tekeningen werom te finen?

Boarne: Tresoar

Op it earste gesicht is it in hiel gewoan boekje, it album amicorum fan Wybrand de Geest út 1611. Mar it is net in ‘gewoan’ album amicorum, mar in keunstnersalbum, en dy binne safolle seldsumer as alba amicorum fan studinten. Yn Nederlân binne der mar in pear. Dêrom is it spitich dat safolle tekeningen út it album fan Wybrand de Geest misse. Wat der noch wól yn te sjen is, binne teksten yn ferskillende hânskriften en sa no en dan in tekening yn inket en ferve. De efterbleaune rântsjes papier ferriede dat sa’n 22 tekeningen ûntbrekke. It leit foar de hân dat de tekeningen fan ûnder oaren Wybrand syn broer Gilles de Geest út it album snien binne omdat se jild opsmieten. Sûnder harren kontekst binne se miskien by samlers en yn museale kolleksjes bedarre.

Statussymboal
In album amicorum wie yn de 16e en 17e iuw foaral populêr by studinten dy’t ferskillende universiteiten oandiene. Yn elke universiteitsstêd fregen se heechleararen, meistudinten en oare nijsgjirrige minsken wat by te dragen oan har album, lykas in motto, gedicht of sitaat. Jonges fan adel keazen foar de foar de hân lizzende kombinaasje fan in tekene famyljewapen en harren namme. Foarbylden dêrfan binne noch oanwêzich yn it album fan Wybrand de Geest, wierskynlik omdat dy heraldyske tekeningen net oan ’e man brocht wurde koene. Ymplisyt dokumintearren de studinten mei sa’n album de reis by de Europeeske universiteiten lâns en de moetingen ûnderweis. Ien kear thús droegen de skriftlike bewizen dêrfan by oan it prestiizje fan it album én de besitter.

Boarne: Tresoar

Reis nei Rome
De yn Ljouwert berne Wybrand Simonsz. de Geest gie begjin 17de iuw nei Utrecht, om dêr syn oplieding ta skilder ôf te meitsjen. Dêr moat er besletten hawwe om ta te jaan oan syn langstme om troch te reizgjen nei Rome. In keunstner mei wat ambysje moast yn dy tiid de antike wrâld mei eigen eagen sjoen hawwe. It duorre jierren foardat er fia Parys en Aix-en-Provence ek echt yn Rome oankaam en troch syn album amicorum is bekend mei watfoar studinten en kollega-keunstners er ûnderweis omgie. Sa liet Gerrit Vredeman in Frânsk sjanson en in tekening fan syn wapen efter. Henrick Jans yllustrearre syn wurden mei in lizzende liuw, miskien wol om Wybrand de Fryske haadstêd net ferjitte te litten. Mathijs Harings skreau dat er in ruter op it hynder efterliet, mar dy tekening ûntbrekt: it is ien fan de twaentweintich tekeningen dy’t ferdwûn binne. Net earder as om 1620 hinne kaam Wybrand wer thús, dêr’t er de meast frege portretskilder fan syn tiid waard, mei de Fryske Nassaus as syn belangrykste klanten.

Meisykje
Slagget it Tresoar om op syn minst ien fan de ûntbrekkende tekeningen werom te finen yn in samling of printekabinet yn Nederlân of op in oar plak yn de wrâld en dy tentoan te stellen? De nammen en hannen fan de keunstners binne bekend, de ôfmjittingen fan de lestich te mjitten blêden binne likernôch 148 x 192 mm en guon blêden drage it wettermerk fan in ‘narrenkap’. Alle tips binne wolkom fia m.stoter@friesmuseum.nl.

septimber 12, 2023 08:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.