Topografyske Wurkgroep: Digitale taaltwang!
Resint ferskynd
Wa is der sleau, de Fryske Akademy of de dielnimmer oan de Akademydei?
Freed is it de 85ste jierdei fan de Fryske Akademy. Leden, stipers en oare belangstellenden waarden útnûge om har foar 1 septimber oer it ynternet oan te melden. Soks is ommers hiel ienfâldich hjoed-de-dei.
Mar as jo de link foar it opjaan dan folgje, komme jo by de firma VanPlan. Dêr moatte jo it kaartsje foar de Akademydei bestelle. En hoe lang oft wy ek sykje, wy fine by dy firma allinne mar in Nederlânsktalich ynfolformulier. Sels de Frysktalige wjergaders fan de Fryske alve stêden binne net yn dat formulier te krijen. Dat lêste om’t de firma wol de offisjele plak- en strjitnammen brûkt. No is ús wurkgroep út soarte foar it brûken fan sokke offisjele nammen binnen de Nederlânsktalige kontekst.
Mar fan de Fryske Akademy ferwachtsje wy dat op in oanmeldformulier de wurktekst Frysktalich is en ek dat alle ynwenners fan ús provinsje de eigen Frysktalige strjit- en plaknammen brûke kinne. Boppedat soe it goed wêze dat de dielnimmers net sûnder derby nei te tinken in Nederlânsktalich formulier ynfolje.
Fan de FRYSKE Akademy hiene wy dochs wat mear respekt foar it eigen publyk ferwachte.
Topografyske Wurkgroep Fryslân
4 septimber 2023
Ja, de Friezen litte it hingje. Se tinke fan “no ja, fuort mar.” Mei dy mentaliteit komst net fier. Ik bin bliid dat de TWF der in punt fan makket.
Goed dat de TWF soks oan de oarder stelt, want soks kin fansels net fan in organisaasje dy’t oan it Frysk en de Friezen syn bestean te tankjen hat.
Ik hie al langer yn ‘e gaten dat de FA it Frysk net heech yn de findel hat. By de Wikipedy merke we dat oangeande de staveringsregels, benammen nei de staveringsherfoarming fan 2015 dat se der somtiden mar in potsje fan makke hawwe.
Wat ik spitich fyn, sis mar net te begripen, is dat de FA wegeret om de lânnammen einigjend op -je as fariant yn de staveringshifker op te nimmen. Dy je-foarm dy’t op de Frysktalige wikipedia hast altiten brûkt wurdt, is neffens de eardere lessen fan de AFUK in folle Fryskere foarm as dy’t de FA brûkt. Miste kâns!