Syn eare opholden (ferhaal)
Resint ferskynd
It wie in heislik leven op it plein fan de âld skoalle op de Gordyk. Dêr kamen simmerjûns nei sânen, as de jûnsbrogge efter de kile siet, alle skarlunen fan de grut skoalle gear. Fan alle úteinen fan it doarp kamen se opsetten nei dat hearlike plak fan hurd sân. Dêr koene se bokje- en sleatsjespringe. Der wiene ek guon dy’t besochten om op ’e hannen te rinnen, mar de measten foelen as in sek sân tsjin de grûn.

De skarlunen (boarne Fen Fryske Groun)
Yn in hoekje stiene trije jonges fan sa’n alve, tolve jier, in pear echte glûperts, dy’t it ûndogenske út de blauwe eagen en it wyt-giele hier striele. It wiene Broer Foetberch, Jehannes fan Douwe en Djûke en Bearn, iennichst soantsje fan Jan en Foekje.
Alle trije gelyk klaaid, in pet mei in glêd klepke deroan, in rom wammes om ’e lea en dêr in riem fan harren heit syn ôfleine galgen omhinne, in stúsjekoarden broek en selsbreidene hoazzen fol mei stoppen, de fuotten yn sokken mei lear belape en in pear giele klompen sûnder punten en by alle trije mei in stikje blik der oerhinne. Allinne Bearn syn broek foel op troch de ûnfoech grutte bûsen. Doe’t Foekje him út in broek fan har man makke, hie se him allinne op de mjitte makke en yn ’e mul wat ynnommen, fierder wie er sa bleaun. De romte fan de boksen hindere net, dat wie lekker loftich en de grutte bûsen kamen Bearn yn ’e hjerst wol moai út as se by de boeren oan it hofkesjongen wiene, dêr koene in protte apels en parren yn.
Hjir folget in petear tusken de trije rosbeiers.
Broer: Hè, wat spitich dat moandei de fakânsje al wer om is. Ik woe wol dat we noch trije wike hiene.
Jehannes: Noch fjouwer.
Broer: Noch acht.
Bearn: Leafst altyd.
Broer: Sille wy moandei skoalskûlje? Dan geane we de hiele dei te baaien.
Jehannes: Ik doar net, want ús heit bringt my altyd nei skoalle.
Broer: No wat soe dat, dan giest der dochs troch de efterdoar wer út!
Bearn, sille we…, of witsto der wat oars op.
Bearn: (it duorre efkes foardat er wat sei) Wat krij ik fan jimme as ik meitsje dat master ús noch in wike frij jout?
Broer: Noch in wike! Fan my krigest foar twa sinten brette beane fan Douwe Protter.
Jehannes: Fan my in grut stik swiethout.
Bearn: Dat is goed, mar nea ferklikke hè en der mei nimmen oer prate.
Nee, nee rôpen se en mei in gjalp fan blidens sprongen se yn ’e loft, want it betrouwen op Bearn syn wurd wie grut ûnder de maten.
Hja hiene no wer in soad wille oer de nije fêst beloofde fakânsje. En Bearn, gjin jongfaam koe blider wêze yn ’t foarútsjoch fan in string bloedkoralen fan har frijer, as hy wie by it tinken oan de bûsfol brette beane, om dêryn om te grabbeljen en om se dan einliks op te peuzeljen. En dan ek noch dat stik swiethout mei syn kwaste fan gouden franjes, dat him yn ’t foar de mûle al swiet makke. Mar it slimste wie, Bearn wist sels noch net hoe’t er it oanlizze moast om syn wurd te hâlden.
It wie sneon, de lêste dei fan it frije libben, noch in snein en dan wer nei it strafplak ta. Efter yn de bleek lei Bearn yn it lange gers te mimerjen en te prakkesearjen oer it hâlden fan syn wurd. Buorman syn lêste swarte beien waarden sines.
Mar doe tocht er oan de swarte skoalbanken. Ynienen fielde er syn jongeshert triljen en bûnzjen. Hy hie it, hy hie it. Eureka, Eureka, soe er roppen hawwe as er Gryksk kinnen hie, en hy sette daliks nei de fervewinkel fan Aldert Sterringa om it medisyn foar de frijheid.
‘Dach Sterringa’
‘Soa Bearntsje, wêr kin ik dy mei helpe?’
‘Foar in stoer swarte ferve.’
‘Wêr moatst dat foar brûke?’
‘Mem wol de drompels fervje, mar jo moatte der net te folle drûchsel yn dwaan.’
‘Soa soa, moatst it mei ha?’
‘Ja, Sterringa, mem wachtet derop.’
‘No, wachtsje dan mar efkes.’
‘Hjir, Bearn, graach de pot en de kwast wêrom bringe, hin?’
‘Goed Sterringa.’

De Gordykster Haadstrjitte mei rjochts foaroan de âlde skoalle. Boarne: Historie Gorredijk
De skoalle hie nije ruten en in nij ferfke krige. Fan binnen wie it ek wer skjin en himmel en wie it opnij ferve. De skoalbanken liken noch net klear te wêzen, in lyts ferversmantsje wie noch drok oan it wurk. Mei de pot yn de lofterhân hantearre er de kwast yn de rjochter, hastich en knap. Hy seach sa no en dan skrutel nei de doar en it finster en rûn súntsjes fan bank nei bank. Hy hie noch mar in bytsje ferve oer, wêr moast dat hinne? Hy seach it lokaal ris troch en nei de banken fan de famkes, dy koene noch wol in streekje ekstra hawwe. Hy tocht dêrby oan de wite skelkjes. It karwei wie klear. Hy die de pot efter de kile, seach alles ris oer en lake swiet, o sa swiet. Doe slûpte er troch de efterdoar nei bûten en sette ûnderweis de pot en kwast by Sterringa syn fervewinkel del en rûn op in draaf nei hûs ta.
It wie moandeitemoarn njoggen oere; master soe sa wol komme en de bern stiene te wachtsjen by de doar. Dêr kaam er oan, de lange pipe yn de hân en mei de famkes om him hinne. De doar gie iepen en dêr stoarmen se it lokaal yn en wiene ferbjustere hoe moai as it wurden wie.
‘Hjir gean ik sitten’ en ‘dat is myn plak’, waard der roppen. Mar ynienen feroare de wille yn fertriet en skrik… De wite skelkjes sieten fol swarte plakken en ek de moaie katoenen pakjes fan in pear jonges wiene omraak tekene. Master derby, hoe moast dit? Net ien woe mear sitten gean. No, sei master op ‘t lêst, wylst er ‘dy beroerde ferver’ mompele: ‘Gaan jullie dan maar voor een week naar huis.’ Fan alle jonges wiene der trije dy’t it hurdst skreauden en laken. Letter seagen se harren rinnen, inoar de hannen om de hals en de grutste wille. Op in stil plakje yn de bosk krige Bearn, de lytse ferversfeint, syn lean, mar boppe-al wie er grutsk op himsels: dat er syn eare opholden hie.
Dit ferhaal fan Marijke van Abcou stie yn 1899 yn Sljucht en Rjucht.
Yn De Woudklank fan 21 july 1983 kaam Hans de Jong (1921-2010) der yn syn ‘In plaatsje mei in praatsje’ op werom. Ut ûndersteand kranteknipsel, dat dêrop oansleat, meitsje ik op dat it wier bard is.
Jangerben Mulder
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje