Swamdei yn Natuermuseum Fryslân

septimber 17, 2023 08:17 Fernijd

Op snein 24 septimber 2023 fiert de Poddestuollewurkgroep Fryslân, ferbûn oan it Natuermuseum Fryslân, syn tritichjierrich jubileum. De wurkgroep bestiet út in tweintichtal leden dy’t har entûsjast dwaande hâlde mei it ûndersyk nei poddestuollen yn Fryslân. Dy feestlike dei organisearret de wurkgroep ferskate aktiviteiten yn it Natuermuseum, dêr’t bern, heiten en memmen en paken en beppen mei de wûndere wrâld fan poddestuollen yn ’e kunde komme kinne.

Foto: Betty Kooistra

Foto: Sjoerd Greydanus

Der binne koarte lêzingen dêr’t besikers oan ’e hân fan prachtige foto’s in ynlieding oer poddestuollen yn krije. Wa’t dêrnei sels op ‘e siik wol nei poddestuollen kin mei in ekskurzje nei de Prinsetún. Dêr wurdt ek in wurkatelier jûn oer it fotografearjen fan poddestuollen, mei ferskate nuttige tips en trúks.

In bysûndere aktiviteit is it tekenjen en skriuwen fan natuersjoernalen. Yn in wurkatelier fan in oere wurdt útlein hoe’t men waarnimmingen fan poddestuollen op in nijsgjirrige wize yn in sjoernaal fêstleit. Bern kinne sels dwaande mei it nifeljen fan poddestuollen.

Koartsein, de Swamdei ûnthjit foar jong en âld in nijsgjirrige en learsume dei te wurden.

septimber 17, 2023 08:17 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.