Streektaalkonferinsje 2023 yn Frjentsjer

septimber 27, 2023 08:13

Foto: Wikimedia Commons/Ieneach fan ’e Esk – CC BY-SA 4.0

Op 22 septimber 2023 waard de jierlikse Streektaalkonferinsje fan de Stichting Nederlandse Dialecten (SND) yn it Gemeentehûs fan Waadhoeke yn Frjentsjer holden. Dy konferinsje is om it oare jier yn Nederlân en yn Flaanderen. Likernôch 60 à 70 persoanen – fertsjintwurdigers fan de ûnderskate streektalen of dêr wittenskiplik of polityk by behelle – wiene derop ôfkommen. Se waarden gastfrij ûntfongen mei in pleatslike swietekau, de Frjentsjerter losbol. Ik fertsjintwurdige dêr de Ried fan de Fryske Beweging by, ek al is it Frysk fansels in Rykstaal en gjin streektaal, mar dit wie in moaie gelegenheid de sichtberens fan it Frysk te fergrutsjen.

Deifoarsitter fan de konferinsje wie de Flaamske Veronique de Tier. De konferinsje waard iepene troch wethâlder Jan Dykstra fan Waadhoeke. Hy fertelde syn gemeente in spesjale taalkoördinator hat dy’t as taak hat om it Frysk en de streektalen yn de gemeente te befoarderjen. Ut de Fryske polityk wie Eke Folkerts oanwêzich, de BBB-deputearre dy’t ferantwurdlik is foar taal en taalûnderwiis. Sy lei der de klam op hoe wichtich oft it is foar in streektaal om yn it strjitbyld sichtber te wêzen. Sa is der bygelyks yn Ljouwert in kleanwinkel dy’t yn de etalaazje yn ’t Frysk advertearret.

It tema diskear wie ‘Sichtberens fan streektalen yn de iepenbiere romte’. Fryslân sels ken mar leafst 18 streektalen, dêr’t it Amelânsk en it Staversk it meast fan brûkt wurde (los fan it Frysk), sa’t bliken docht út de Streektaalatlas 2022, dy’t op de konferinsje presintearre waard.
Singelier genôch kinne mar 3 fan de 10 Stellingwervers in tekst yn it Stellingwerfsk skriuwe, wylst 6 fan de 10 Starumers dat nei eigen sizzen yn harren eigen taal kinne. De fiertaal op dizze dei wie it Hollânsk (eins ek in dialekt …), allinnich de Urker sprekker Freek Brouwer brûkte de pleatslike streektaal yn syn foardracht (yn Urk praat mear as 90% fan de befolking Urkersk).

Underskate sprekkers joegen foarbylden fan hoe’t harren organisaasje besiket om de sichtberens fan talen te fergrutsjen, bgl. yn it Brabânsk en it Drintsk. Benammen ynwenners fan it Bilt en Hylpen soene graach sjen dat harren streektaal yn de iepenbiere romte better sichtber wurdt. Mirjam Vellinga fan de Afûk joech foarbylden fan hoe’t har organisaasje nei doarpen giet om buordsjes mei Fryske teksten op te hingjen. Arriva mei Fryske teksten yn de bussen en de ANWB mei Fryske plaknammen op de hanwizers fergrutsje de sichtberens fan it Frysk ek, sa’t dat ek mei Fryske plaknambuorden it gefal is. In lêzing oer meartaligens yn byld by biblioteken en skoallen waard jûn troch Janke Singelsma en Jolanda Verhoef fan NHL Stenden.

Foar it middeisskoft lies Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma in gedicht foar en oan ’e ein fan de dei soarge de Biltske sjonger Hein Jaap Hilarides foar de nedige ferdivedaasje mei û.o. de meisjonger ‘Sprot is in lekkere vis as der gjin hering is’. Soks fergruttet de sichtberens fan de streektaal ek.

Jehannes Elzinga, Frjentsjer
bestjoerslid Ried fan de Fryske Beweging

Sjoch foar mear oer de konferinsje:
https://www.itnijs.frl/2023/09/streektaalatlas-2022-ferskillen-regionale-talen-binne-grut/ en
https://www.itnijs.frl/2023/09/streektaalkonferinsje-yn-frjentsjer/
septimber 27, 2023 08:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.