Stipe foar inisjatyfrike Friezen mei goede projektideeën

septimber 15, 2023 08:17

Friezen mei in goed idee om de leefberens yn harren doarp, stêd of op harren eilân te ferbetterjen, kinne fan 18 septimber oant en mei 5 oktober 2023 wer subsydzje oanfreegje by it Iepen Mienskipsfûns (IMF). Der is foar de lêste iepenstelling 900.000 euro beskikber foar hiel Fryslân. Dêrneist giet it IMF dan ek iepen mei goed 2 miljoen foar it ferduorsumjen foar mienskipsgebouwen.

Foto: Provinsje Fryslân

Deputearre Steaten fynt it wichtich dat ynwenners dy’t har ynsette foar de leefberens yn harren omjouwing, ek holpen wurde mei de realisaasje fan projekten dy’t se opsette. Om ynspiraasje op te dwaan kinne inisjatyfnimmers efkes sjen op ‘Projekten in beeld’ op de webside fan Streekwurk. Regionale advyskommisjes mei belutsen ynwenners fan ’e regio’s beoardielje de projektoanfragen op draachflak, kontinuïteit, gearwurking, duorsumens en Frysk en/of streektalen.

Ferduorsumjen foar mienskipsgebouwen
Neist de reguliere iepenstelling fan it IMF wurdt 2.325.000 euro beskikber steld foar it duorsumer meitsjen fan mienskipsgebouwen. Foar in oanfraach is 35.000 euro beskikber; maksimaal 70% fan de subsidiabele projektkosten kin finansiere wurde. Deputearre Knol: “It subsydzjepersintaazje is sa heech omdat de needsaak foar it ferduorsumjen fan mienskipsfoarsjenningen fan grut belang is foar it fuortbestean fan ferieningen en stichtingen, en dêrmei foar de leefberens yn Fryslân.” As foar alle projekten it maksimale bedrach oanfrege wurdt, sil der yn dizze omgong foar 66 inisjativen romte wêze. Alle kosten dy’t te krijen hawwe mei it duorsumer meitsjen fan in gebou binne subsidiabel. Der kinne dus yn de subsydzje-oanfraach ek kosten foar de ferfanging fan it dak en kosten foar fergunningen opfierd wurde.

Nije kolleezje wol troch mei it Iepen Mienskipsfûns
Op grûn fan de útgongspunten fan it bestjoersakkoart ‘Oparbeidzje foar Fryslân’ wol Deputearre Steaten foarstelle om foar de perioade 2020-2025-2026-2027 mei in nij IMF te begjinnen. Dat foarstel wurdt foar 2024 oan Provinsjale Steaten foarlein. Yn dat nije fûns soe grut ûnderhâld en it ferduorsumjen fan mienskipsgebouwen in struktureel plak krije moatte. It moat ek ienfâldiger wurde om subsydzje oan te freegjen as it om lytsere bedraggen giet.

Deputearre Knol: “It is goed dat Friezen sels sizzenskip hawwe oer harren eigen omjouwing omdat se sels witte wêr’t it measte ferlet fan is. Wy wolle de enerzjy fan ûnderen op safolle mooglik stypje. Jild beskikber stelle foar inisjativen fan Friezen is foar my dêrom hiel wichtich. Minsken dy’t har yn harren frije tiid ynsette om Fryslân noch moaier te meitsjen, wolle we safolle mooglik helpe. Minsken yn de simmer op de pontsjes, de frijwilligers by de festivals, de klussers yn de doarpshuzen, de sporttrainers, de grienkommisjes, bestjoerders fan doarpsbelangen. Dy dogge derta.”

Streekwurk
Inisjatyfnimmers kinne foar it dielen fan harren ideeën, it opstellen fan in projektplan en help by de subsydzje-oanfraach terjochte by Streekwurk. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan de Provinsje Fryslân.

septimber 15, 2023 08:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.