Start Museumjeugdkolleezjes yn Natuermuseum Fryslân
Resint ferskynd
Yn septimber 2023 start in searje Museumjeugdkolleezjes, in gearwurkingsfoarm fan Natuermuseum Fryslân, Frysk Museum en dbieb. Eltse organisaasje fersoarget in nijsgjirrich kolleezje en de rige wurdt ôfsletten mei in wurkatelier. It ferbinende tema is: sabeare nijs troch de jierren hinne. It earste kolleezje is op 17 septimber yn Natuermuseum Fryslân.

Foto: Natuermuseum Fryslân
Sabeare nijs en misliedende foto’s en fideo’s: elkenien hat der wolris fan heard. Tsjintwurdich moatte we hieltyd oppasse oft we net ferrifele wurde, foaral troch sosjale media. Mar hoe gie dat eartiids? Barde dat bygelyks yn de midsiuwen ek al? Yn hoe dan? Yn de Museumjeugdkolleezjes ûntdekke bern alles oer sabeare nijs troch de jierren hinne. Fan midsiuwske myten oant grappige net-echte fideo’s en fan grappen dy’t út ’e hân rûn binne oant skatten fan ferfalske munten. Hoe is te sjen oft eat echt is? En sels wat ferfalskje, kin dat ek?
See-ienhoarn
It earste kolleezje hat as tema: it ferhaal fan de (see-)ienhoarn, myte of dochs wier bard? Al fan de midsiuwen ôf wiene der ferhalen oer in seemeunstner dat yn oseanen omswimme soe. It heimsinnige bist mei op ’e foarholle in lange hoarn waard see-ienhoarn neamd. De hoarn wie sa sterk dat it bist sels skippen trochboarje koe. Letter waard de hoarn in kostber objekt dêr’t rike minsken in protte jild foar betelje woene. Wie dat wylde seemeunster soms famylje fan de lân-ienhoarn? En leauden minsken dat dy bisten echt bestiene? En hoe tinke se dêr no oer? Keunsthistoarika Marjolein Zijlstra-Mondt fertelt oer har ûndersyk nei de ienhoarn en de see-ienhoarn. Wurdt de fraach ‘myte of dochs wier bard, no beäntwurde?

Foto: Ruben van Vliet
Praktysk
De kolleezjes binne bedoeld foar bern fan acht oant tolve jier. It earste kolleezje yn it Natuermuseum is op snein 17 septimber fan 11.30 oant 12.30 oere. Kosten binne € 20 foar de hiele rige fan fjouwer kolleezjes (kaarten foar de hiele searje fia friesmuseum.nl/tickets).
Yn de moannen dêrnei folgje:
kolleezje II: Wêrom leauwe wy sabeare nijs en misliedende media? (15 oktober fan 11.30 oant 12.30 oere yn dbieb),
kolleezje III: Mislieding en ferrifelerij efter ferhalen (19 novimber fan 11.30 oant 12.30 oere yn it Frysk Museum) en
kolleezje IV: Wurdsto in echte masterferfalsker? (17 desimber fan 10.00 oant 12.30 oere yn it Frysk Museum).
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje