Slauerhoff-lêzing dr. Arie Pos en muzyk Jankobus Seunnenga yn Doarpstsjerke Huzum

septimber 26, 2023 08:17 Fernijd

Arie Pos (boarne: Doarpstsjerke Huzum)

Yn de Doarpstsjerke Huzum wurdt jierliks troch in Nederlânske prominint de Slauerhoff-lêzing holden. Dit jier giet it om in echte Slauerhoff-betinking om’t Jan Jacob Slauerhoff 125 jier lyn berne waard en syn earste dichtbondel Archipel hûndert jier lyn it ljocht seach. De betinking is op Slauerhoffs stjerdei, 5 oktober.

Dr. Arie Pos publisearre boeken oer Slauerhoff en is no bekend as Komrij-biograaf. Hy studearre Nederlânsk en algemiene literatuerwittenskippen yn Leien en promovearre yn 2008 op in proefskrift oer literêre sjinoisery.

Hy wennet sûnt 1989 yn Portugal en komt graach oer nei Huzum. Hy wie dosint Nederlânsktalige letterkunde en kultuer oan de universiteiten fan Coimbra, Lissabon en Porto en is literêr oersetter. De titel fan syn lêzing is: ‘Steeds weer de zee: zwerven als lust en noodlot’. It is in lêzing yn it ramt fan it tema ‘Op wrâldreis mei Slauerhoff’.

Jankobus Seunnenga (boarne: Doarpstsjerke Huzum)

De mearsidich sjonger-ferskesskriuwer en dichter Jankobus Seunnenga, winner fan de Ina Dammanpriis 2022, sjongt nei it skoft fiif Slauerhoff-gedichten, dy’t er spesjaal foar de betinking op muzyk set hat: in echte primeur dus. Ien fan dy gedichten is ‘Het einde’, mei de ferneamde slotrigel ‘Pas aan de laatste smalle ree fan hout in zand’.

As tajefte lit Seunnenga it gedicht fan Gerrit Komrij hearre dat diel útmakket fan de Ljouwerter poëzyrûte. Hy wurdt begelaat troch fioelist en gitarist Dick Vestdijk, de soan fan Simon Vestdijk, dy’t mei Slauerhoff yn Ljouwert nei de Ryks HBS gie.

De besikers fan de betinking kinne ek in miny-eksposysje mei kostbere Slauerhoff-boeken besjen. Mei-organisator fan de jûn is de Stichting Herdenking Slauerhoff, dy’t nij libben ynblaasd wurdt. Foarsitter Evert Duintjer Tebbens ljochtet ta hokker plannen der op priemmen steane. De Slauerhoff-betinking lûkt ek minsken fan oare plakken yn Nederlân. Dêrom wurdt oanret om op tiid in kaartsje te keapjen.

Doarpstsjerke Huzum (foto: Jan de Vries)

Plak: Kultuerpoadium Doarpstsjerke Huzum, Ljouwert;
Datum: tongersdei 5 oktober 2023, om 20.00 oere.

De tagongspriis is € 6. Tagongskaarten kinne foarôf digitaal oanskaft wurde fia dizze link. By de tsjerke is net folle parkearromte. Besikers kinne – op rinôfstân en fergees – parkearje op it romme parkearterrein foar de Intratuin oer (súdside Tynjedyk).

Ynljochtingen binne te krijen by Peter de Haan, telefoan 06 – 1159 2427, e-mail: dorpskerkhuizum@gmail.com. Ynformaasje is ek te finen op www.dorpskerkhuizum.nl en www.facebook.com/dorpskerkhuizum.

septimber 26, 2023 08:17 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.