Skoalbestjoer Lollum makke yn ’e oarloch geheime notulen: Joadske bern waarden net meld

septimber 11, 2023 08:15

It skoalbestjoer fan de Kristlik Nasjonale Skoalferiening yn Lollum hold yn 1941 en 1942 temûk in skriftke mei notulen fan harren gearkomsten by. Dy binne bewarre bleaun en litte sjen wêrom’t Lollum ek wol it ‘Ingelske doarp’ neamd waard yn de Twadde Wrâldoarloch.

Boarne: De Tiid Boalsert

“Om de need fan de tiden binne ferkoarte notulen oanholden yn it notuleboek. Wylst dat dan tsjinnet as oanfolling en yn gefal dat omstannichheden twinge it notuleboek yn te leverjen, der noch wat efterút bliuwe kin en men minder gefaar rint fan strafber wêzen.” Sa begjint it 23 siden tellende skriftke fan it skoalbestjoer fan de skoalle. It lit de situaasje fan dy tiid sjen.

Skoalbestjoer rêdt libbens Joadske famyljes
De wrakseling fan it skoalbestjoer mei de hieltyd fierder geande foarskriften dy’t de Dútske besetter oplei, is dúdlik fielber. De regels, dy’t streekrjocht tsjin harren leauwe yngiene, wegere it bestjoer op te folgjen. Sa liet it bestjoer net witte oft en hoefolle Joadske bern dat der op de skoalle sieten. In moedich mar riskant beslút, dat sûnder twivel de libbens fan bern en harren famyljes rêden hat.

“Frijheid is gjin fanselssprekkendheid. Ik wurd der regelmjittich mei konfrontearre dat net allinnich fier fuort, mar ek yn ús eigen omkriten foar frijheid fochten is en noch hieltyd fochten wurdt. Ferhalen lykas dizze reitsje my en it makket my skerp op it feit dat wy mei-inoar dy frijheid beskermje moatte”, lit wethâlder Petra van den Akker witte.

It Ingelske doarp Lollum
Troch de moedige hâlding fan it bestjoer en de ynwenners fan Lollum waard Lollum ek wol it Ingelske doarp neamd. Der wiene amper leden fan de Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging (NSB) yn it doarp aktyf.

It skriftke befettet ek jierferslaggen. It lêste ferslach datearret fan 28 febrewaris 1945. It skriftke is eigendom fan de Stichting foar Kristlik Basisûnderwiis De Greiden. Mei harren tastimming is it no yn te sjen en del te heljen op de webside fan it gemeenteargyf Súdwest-Fryslân: ûnder publikaasjes (www.detiid.nl/images/Geheimenotulen.pdf).

septimber 11, 2023 08:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.