Skjin Wetter giet de striid oan tsjin swalkôffal yn en om Fryske wetters
Resint ferskynd
De Fryske Miljeufederaasje (FMF) kundiget de sânde edysje fan it oprommersfeest ‘Skjin Wetter’ oan. Dat jierlikse inisjatyf rjochtet him op it befoarderjen fan in skjinner miljeu en it bewustwêzen fan de needsaak om minder ôffal te produsearjen. It feest wurdt fan sneon 7 o/m sneon 14 oktober 2023 holden.

Foto: FMF
Mei de belutsenheid fan njoggen Fryske gemeenten hopet Skjin Wetter safolle mooglik Fryske wetters en wâlen te himmeljen. Dêr kin elkenien oan meihelpe; bygelyks mei de kanoferiening, roeiferiening, paadfinerijgroep, skoalle, SUP-skoalle, studinte-organisaasje, doarpsbelang of as ûndernimmer. Alle dielnimmende partijen kinne sels in momint en lokaasje kieze yn de wike fan Skjin Wetter om swalkôffal op te romjen. Skjin Wetter fasilitearret de materialen by de opromaksjes.
Dantumadiel, De Fryske Marren, Harns, Ljouwert, Noardeast-Fryslân, Smellingerlân, Súdwest-Fryslân, Tytsjerksteradiel en Waadhoeke dogge mei oan Skjin Wetter 2023. Wetterskip Fryslân hat as biedwurd ‘Wat der net yn komt, hoecht der ek net út’. Wetterskip Fryslân sjocht ek nei it opnij brûken fan grûnstoffen út ôffalwetter. De aksje Skjin Wetter draacht by oan in skjinner miljeu en hat as bykommend doel om de minsken har der bewust fan te meitsjen hoe belangryk oft dat is om dêryn te libjen. Jierliks belânet sa’n fyftich miljoen kilo swalkôffal yn it miljeu, en dat tal giet allinnich oer Nederlân. Aksjes lykas Skjin Wetter is dan ek in grut ferlet fan.
Offal is fan wearde
It tema fan dit jier, ‘Offal as grûnstof’, beklammet it belang fan it stribjen nei minder ôffal en it op ’e nij brûken fan materialen. Is it noch te reparearjen, wer te brûken of earne yn te ferwurkjen? Dan is it gjin ôffal! Lemke Statema, projektlieder fan Skjin Wetter, seit: “Wy stribje nei in wrâld dêr’t ôffal net mear yn foarkomt en swalkôffal al hielendal net. Dat freget om natuerlike materialen te brûken en om it ferskaat oan plestik te ferienfâldigjen, sadat it effektyf wer brûkt wurde kin.” Foar de natuer is it goed nijs dat der sûnt koart ek staasjejild op lytse fleskes en blikjes sit. Sa is de kâns minder grut dat blikjes en fleskes yn it miljeu omswalkje en kinne se opnij brûkt of ferwurke wurde. In moaie stap nei in sirkulêre maatskippij.

Foto: FMF
Juttershúske en ‘De grutte soaisee’ yn Natuermuseum Fryslân
Skjin Wetter wurket dit jier gear mei Natuermuseum Fryslân. Dêr komt in juttershúske, dêr’t dielnimmers fan Skjin Wetter har opfallendste, moaiste of weardefolste fynst ynleverje kinne. In bûnte samling oan ‘skatten’ sil yn it húske te finen wêze. Op sneon 14 oktober om 14.00 oere is de ôfsluting fan Skjin Wetter foar it museum. Dan is ek de iepening fan de museumaktiviteit ‘De grutte soaisee’, de hjerstfakânsje-aktiviteit fan it museum. By ferskillende aktiviteiten sille bern op in aardige wize oarsaak en gefolch fan swalkôffal ûndersykje. Dielnimmers fan Skjin Wetter kinne nei de ôfsluting fan Skjin Wetter fergees it museum yn (mei de bern en bernsbern).
Meidwaan oan Skjin Wetter
Skjin Wetter komt alle jierren werom. “Ferline jier hawwe wy mei twatûzen frijwilligers goed 800 kilometer oan wetters en wâlen himmele en dat hoopje wy dit jier ek wer te realisearjen”, ferklearret Lemke Statema. “Wy nûgje elkenien út om deroan mei te dwaan en mei-inoar foar ús prachtige provinsje te soargjen.”
Mear ynformaasje en oanmelde op: www.samenfryslanschoon.frl/skjinwetter.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje