Sichtberens sintraal op Streektaalkonferinsje 2023

septimber 14, 2023 14:32

Op 22 septimber 2023 organisearret de Stichting Nederlandse Dialecten (SND) yn gearwurking mei de Nederlandse Taalunie, provinsje Fryslân en gemeente Waadhoeke syn jierlikse streektaalkonferinsje. De konferinsje sil op it gemeentekantoar fan Waadhoeke yn Frjentsjer wêze en hat as tema: ‘Streektaal yn sicht: Sichtberens fan streektalen yn de iepenbiere romte’.

Op de konferinsje – dy’t ienris it jier, ôfwikseljend yn Nederlân en Flaanderen, holden wurdt – lit in ferskaat oan sprekkers syn of har ljocht skine oer de sichtberens fan streek- en minderheidstalen en dialekten. Wat binne de bêste foarbylden? Wat binne de falkûlen? Wat leart wittenskiplik ûndersyk ús oer nut en needsaak fan it fergrutsjen fan de sichtberens fan in lytse(re) taal? Wittenskippers, ûndersikers, taalpromotors, bestjoerders, dichters en musisy: allegearre sille se op harren eigen wize yngean op dat tema, dat mei rjocht aktueel neamd wurde mei.

Provinsje Fryslân sette de ôfrûne jierren stevich yn op it promoatsjen fan de sichtberens fan it Frysk en de streektalen. De kar foar de gasthear, gemeente Waadhoeke, is net tafallich: in unike meartalige gemeente, mei njonken it Nederlânsk ek it Frysk, Biltsk en Frjentsjerters binnen de gemeentegrinzen. De SND hat him ynspand om in tige fariearre, nijsgjirrich en learsum programma gear te stallen. Derneist wurdt de nije Streektale-atlas fan provinsje Fryslân presintearre, en in priuwke jûn fan de nije digitale Biltske ynfrastruktuer.

Minsken dy’t beropsmjittich of frijwillich dwaande binne mei streektaal, praktysk of akademysk, of as partikulier ynteressearre binne yn alles wat mei streektaal te krijen hat, kinne har oanmelde fia dizze link. Dêr is ek it programma fan de dei te finen.

septimber 14, 2023 14:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.