Sichtber Frysk: de skoallen binne wer begûn!
Resint ferskynd
De Jongfryske Mienskip brocht yn maart 2022 syn Oanfalsplan fergrutsjen sichtberens Fryske taal en identiteit yn Fryslân út. In foarbyld dat dêryn neamd wurdt is dat de kampanje De scholen zijn weer begonnen fan Veilig Verkeer Nederland (VVN) yn de provinsje Fryslân yn it Frysk moat. Dat is slagge. De sandwichbuorden fan de kampanje 2023 binne yn it Frysk.

Foto © It Nijs
Dat VVN de kampanje Frysktalich docht, jout soms in frjemd taalbyld. By de skoalle yn Boarnwert wurdt it Nederlânsk en it Frysk no trochinoar brûkt. Op it nammeboerd fan de skoalle stiet Kristlike Basisskoalle Bernewird. It boerd fan VVN is ek yn it Frysk. In ferkearsboerd, troch de gemeente der del set, soe dan ek yn it Frysk moatte.
In lytse omgong troch de gemeente Noardeastfryslân lit sjen dat dit byld ek by oare skoallen foarkomt. Soms is der inkeld in ferkearsboerd, faak stiet der ‘school’ of ‘schoolzone’ ûnder. By oare gemeenten binne der faak hielendal gjin buorden. Dêr lykje de skoallen meast by minder drokke wegen te stean.
Doe’t de nije gemeente Noardeast-Fryslân der krekt wie, stie de nije gemeentenamme al nei in pear dagen op it plaknammeboerd. Dêr waarden stickers foar brûkt. Soe it mooglik wêze om dat ek mei dizze frjemde buorden te dwaan?
Ha jo ek foarbylden fan sichtber Frysk?
Jou dat troch oan ynfo@itnijs.frl. De foarbylden meie ek gean oer situaasjes, dêr’t jo it Frysk ferwachtsje, mar dêr’t it net brûkt wurdt. Mooglik meitsje wy der dan in artikel oer.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje