Sealterfrysk frouljuskoar Seelter Sjungere nei 30 jier opdoekt
Resint ferskynd

Die Seelter Sjungere (foto: Elisabeth Sibum)
It Sealterfrysk frouljuskoar Seelter Sjungere is nei tritich jier opdoekt. Dat makke koardirekteur Clara Berkenheger ôfrûne wykein bekend. It koar is de lêste jierren in soad leden kwytrekke en der binne spitigernôch al lang gjin jongere opfolgers mear.
It koar is yn 1993 oprjochte troch Adelheid Pörsche en hat faak yn Sealterlân songen. It wie ek ferskate kearen te hearren op radio en telefyzje. Yn de begjinjierren songen de froulju allinnich noch lieten fan Gesine Lechte-Siemer, letter leine se har ek op nije lieten ta. Wat lykwols nea feroare, wie de taal: it koar hat altyd yn it Sealterfrysk songen. Yn de measte gefallen ferskynden de leden yn Sealterske kostúms. Yn 1999 naam it koar in cd op.
It bestjoer fan de pleatslike feriening Seelter Buund hie it sneinsfrouljuskoar útnûge foar in feestlike resepsje, dêr’t de koarleden huldige waarden foar harren jierrenlange ynset foar de Sealterfryske taal en kultuer yn it algemien.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje