Redbad-regisseur Roel Reiné komt mei heldeferhaal oer Marco Kroon

septimber 27, 2023 19:25

Filmbesprek

Yn 2018 kaam de film Redbad út. Ik seach him mei oaren dy’t der ek nijsgjirrich nei wiene op in grut doek op it Saailân yn Ljouwert, yn oanwêzigens fan cast en crew. It wie in grutte teloarstelling, ek al wiene de bylden moai. No komt regisseur Roel Reiné mei in nije film.

Waldemar Torenstra, Foto: anonym; boarne: Wikipedia CC BY-SA 2.0

De Vuurlinie hjit dizze nijste film. In iensidich portret oer majoar Marco Kroon, in Nederlânske oarlochsheld, dy’t yn opspraak kaam nei beskuldigingen fan drugshannel, wapenbesit en oare healwizichheden. De film, mei Waldemar Torenstra, as Marco Kroon yn de haadrol, falt op troch syn aksje en sensaasje, wat yn de film Redbad ek it gefal wie. It komt, krekt as by Redbad net ta djipgong.

It ferhaal, dat mei Kroon syn tsjinst yn Afganistan begjint en oant en mei de rjochtsaak en de beskuldigingen tsjin him trochrint, wurdt út syn eigen perspektyf wei ferteld. It resultearret yn in foarynnommen byld fan de foarfallen en de karakters deromhinne. Spitigernôch wurdt Kroon delset as in grutte held en wurdt syn hâlding yn ‘e oarloch ferhearlike sûnder watfoar krityske refleksje dan ek.

It gebrek oan nuânse wurdt fersterke troch de simpele karakters, benammen dat fan offisier fan justysje Suzanne van den Heuvel, dy’t as in karikatuer delset wurdt. Hoewol’t Waldemar Torenstra yndruk makket mei syn aktearjen, bliuwt it ferhaal oerflakkich en binne der fierstente folle aksjesênes. Der binne mear as genôch oarlochssênes, mar se drage net by oan it ferhaal.

Ien fan de dingen dy’t my by dizze film de measte argewaasje jouwe is it gebrek oan oandacht foar de psychyske problemen dy’t feteranen nei de oarloch krije kinne. Sokke tema’s wurde hielendal net ûndersocht.

Koartsein, De Vuurlinie is in film dy’t Kroon as held behannelet sûnder op syn dieden en syn ferhaal yn te gean. It tekoart oan nuânse en djipgong makket fan dizze film in miste kâns om op in sinfolle wize in wichtich ûnderwerp te behanneljen.
Ik jou dizze film twa stjerren. Spitich dat Reiné krekt deselde flaters makket as by syn foarige film.

Gabrielle Terpstra

septimber 27, 2023 19:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.