Provinsjale Steaten yn Fryslân wer folslein
Resint ferskynd
Provinsjale Steaten fan Fryslân binne wer op sterkte. Der binne sûnt woansdei wer 43 beëdige leden.

Petra Ellens (l.), CU (foto: Provinsje Fryslân)
Mei de beëdiging fan Petra Ellens (ChristenUnie), Attje Meekma (CDA ) en Douwe van Oosten (ChristenUnie) ta Steateleden is de Fryske folksfertsjintwurdiging op ‘e nij foltallich makke. Se binne beëdige troch kommissaris fan de Kening Arno Brok.

Attje Meekma (r.), CDA (foto: Provinsje Fryslân)
Frou Meekma en frou Ellens hiene harren sitten al op 19 july ynnimme kinnen, mar beiden wiene doe behindere. De sitten kamen dy dei frij troch de beneaming fan Friso Douwstra (CDA) en Matthijs de Vries (ChristenUnie) ta lid fan it kolleezje fan Deputearre Steaten.

Douwe van Oosten, CU (foto: Provinsje Fryslân)
Van Oosten is de opfolger fan syn fraksjegenoat Jantsje van der Veen, dy’t har om ‘e sûnens sechstjin wiken ferfange lit.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje